Skip to main content

Grut Frysk Diktee 2016

Mei tsien flaters hat Fedde Dijkstra út Wurdum it Grut Frysk Diktee 2016 wûn. It diktee waard foar de fjirtjinde kear hâlden, tradisjoneel yn de Steateseal fan it Provinsjehûs. Twads waard Tineke Hoekstra fan Noardburgum mei in heale flater mear. De winner fan ferline jier, Jan Ybema, einige mei alve flaters op it tredde plak.

Der diene 45 minsken mei, wêrûnder tsien bekende Friezen, lykas keatser Chris Wassenaar en presintatrise Welmoed Sijtsma. Fan harren wie aktrise Tamara Schoppert mei 22 flaters de bêste.

De tekst fan it Grut Frysk Diktee 2016, skreaun troch Sietse de Vries, stiet hjirûnder.

 

 

 

Goeie

 1.         It is sa’n tafrieltsje dat mannich goedwollende heit de ôfrûne desennia wolris oerkommen is: “Doar ta, it siicht.” Oft (At) it echt siigde is net fan belang, it giet om ’e reaksje fan ’e bern: “Praat net sa nuver. It tocht.” In wurd dat foar de iene generaasje by it fokabulêre fan al den dei heart, is yn ’e eagen fan ’e folgjende generaasje âldfrinzich.

 2.         Gauris giet dat mank mei in betsjuttingsferskowing. As pake, in kâldenien, it oer teiïch waar hat, assosjearret syn panikerige pakesizzer dat al gau mei klimaatferoaring. Mooglik sels dat er syn klaaiïng dêr fuortendaliks by oanpast. As beppe fan in huiïch of in meepsk smjunte-eintsje rept, fleane de bernsbern nei de sinees foar in pekingein. 

 3.         As it brûken fan alderhande nijmoadrige wurden de âlderein yrritearret, wêrom soe de jongerein dan gjin argewaasje hawwe meie fan wurden as kealôffearnje, riuwestôk of risselreauke? It ferskil is dat it guod dêr’t dy âlde wurden nei ferwize net mear brûkt wurdt en dat foar it ienentweintichste-iuwske (21ste-/21ste-iuwske, 21e-/21e-iuwske) ynstrumintarium domwei gjin Fryske wurden binne.

 4.         Wurden as greaubrogge, kaardzje of riderssigaar foar de alledeiske spraak behâlde wolle is gjin helpensein oan. It wurde museumstikken, krekt as de artefakten dêr’t se nei ferwize.

 5.         Alde minsken tinke graach dat eartiids alles better wie, dat in potsje dominyspylje te preferearjen is boppe de kompjûterferzje fan Mahjong Classic of Game of Thrones, om’t it in grutter berop op ’e harsensellen docht; of dat in greidekuier tusken de tieneblommen, it franjekrûd en it skieppe-ear superieur is oan in stedskuier tusken C&A, Douglas en McDonald’s, bygelyks om’t dat lêste yn striid wêze soe mei de wijing fan ’e snein.

 6.         It drokst makket de âlde generaasje him faaks om it fersleiferjen fan ’e taal en it grodzemodzjen fan it Frysk en it Nederlânsk. Pake wol net al te grauwerich oerkomme, mar it leafst soe er de slimste oertrêders mei in wurdboek yn in penitinsjêre ynstelling opslute.

 7.         Och, seit de pessimist, oer hûndert jier binne wurden as iisklup (iisclub), snieblyn, iiskob en sniefeie ek ferdwûn en is fan it Frysk allinne noch in eksoatysk ‘goeie’ oer, spesjaal foar de toerist. De optimist seit: “It Frysk is sa taai as hjidde.”

 Sietse de Vries

 

Tusken heakjes steane farianten dy't ek goed binne.

 

 

 

Grut Frysk Diktee 2015

De tekst fan it Grut Frysk Diktee 2015, skreaun troch Ferdinand de Jong, stiet hjirûnder.

 

 

Ien foar it ôfwennen

  1. As prozaïst frege wurde om it lêste ienentweintichste-ieuske (ienentweintichste-iuwske, 21ste-ieuske, 21ste-iuwske) Frysk diktee yn de hjoeddeistige boekstoaiïng te skriuwen, soe samar resultearje kinne yn in melangoalysk, swiersettich stik tekst, mei dwerskneppelige oanienriigjende wurdkombinaasjes dy’t as doel hawwe om it maleur dat de Fryskskriuwers oerkomt, breed út te mjitten. 
  2. Want litte wy (wij) mar net om de hjitte brij hinne draaie, wy Friezen tinke ús al gau oan de râne fan de jammerpoel as it oer ús taal giet, oft (at) dy no fan memme- of heite-erf oanleard is, feroaringen steane garant foar opposysje mei de haadklam op âldwenstigens.
  3. De kidelhoarnige blogs (blochs), stikelige Facebookberjochten, bitende tweets (twiits) en njoere ynstjoerde stikken yn de kranten fleane jin algeduerigen om de earen, it liket foar in trochsneed Ymportfries grif of is it jimmerduorjend slaande deilis yn de moaiste provinsje fan it Keninkryk fan de Nederlannen.
  4. Mar ho ris efkes, maile (mele), sms’e, chatte (tsjette), appe (eppe) en facebooke wy ek al net en binne wurden lykas play-offs (plee-ofs), penalty (penelty), laptop (leptop) en accountantstsjinst (akkountantstsjinst, akkountentstsjinst) noch wei te tinken út ús troch-en-deisk fokabulêre?
  5. De tiden fan bjinstalten, seinen yn de swinge, op sneintejûn de Bokkeleane op en del paradearje om in faam te sykjen en súntsjes núnderjend de húsketonne te leegjen, is ferfongen troch op de bank nei de lcd- of ledtelevyzje (ledtelefyzje) sitte te stjereagjen, of, like nijmoadrich, nei de iPad, in Samsungtablet, in mobile telefoan of sels de Google Glass, dêr’t je grif de karaokeferzje fan Gurbe Douwstra syn ‘Lit jim gean Friezen’ op projektearje kinne.
  6. Guon sille sokke yntegrearre wurden lykslaan mei taalfersmoarging, mar de koer fan it kuorbaljen is fan giel plestik (plastic) en net mear fan rotan, de pols om fier mei te ljeppen is al lang net mear fan eskenhout mar fan karbon, de seilen fan de skûtsjes binne fan dakron en net mear fan katoen en sa wurdt alles modernisearre, ek de talen oeral op de wrâld, foarsafier’t se noch net ûndersnijd binne troch de dominante foarmen.
  7. Dit diktee wie ien foar it ôfwennen, oar jier sille skriuwer en dielnimmers kedize moatte oer de nije wize fan staverjen fan wurden lykas ynvaliditeitsfersekering (ynfaliditeitsfersekering) en televyzje-akteur (telefyzje-akteur), en sil der stoef (stûf) bodde wurde op wurden as ieu (iuw), Sieu (Siuw), Hebrieusk (Hebriuwsk), treurboek (treurbûk) en wûpsty (woepsty)!

 Ferdinand de Jong, maaie 2015

 

Tusken heakjes steane farianten dy't ek goed binne. It foarheaksel tele- mei ek as tille- skreaun wurde. De krekt ynfierde staveringsferoaringen binne by dit diktee noch net fan tapassing mar mei wol brûkt wurde. De staveringsregels fan 1980 (de sn. Steatestavering) en 1982 (regeling stavering frjemde wurden), sa't dy tapast binne yn Frysk Wurdboek diel 1 (Frysk-Nederlânsk), Frysk Wurdboek diel 2 (Nederlânsk-Frysk) en it Frysk Hânwurdboek 2008, jilde.

 

 

 

Grut Frysk Diktee 2014

De tekst fan it Grut Frysk Diktee 2014, skreaun troch Karen Bies, stiet hjirûnder.

 

 

Doarpsfeest

  1. ‘It is net mear wat it west hat,’ sei Klaas en sette de hegedrukspuit op de húskewein fan ‘Tjitskes toiletwagenverhuur’. It smoarge wetter spatte fan it porslein ôf en rûn oer it weake bêzjekleurich swilk it toarre gers yn. ‘Skraachoan hûndert man sieten by de toanieljûn; op de disko kaam mar in protsje jeugd ôf. Sels foar de preek krije wy hjoed-de-dei de tinte net mear fol.’
  2. Ieuwen oanien wie de merke it hichtepunt fan it jier, dêr’t eltsenien, jong en âld, arbeiderslju en treftich folk, oan meidie. It hûs himmele, de kij molken, de jildponge fol; men gong trije dagen lang fleurichop it feest yn, sûnder jin te bekroadzjen om de dei fan moarn. 
  3. Bern strjitslierden hoallefoaljend troch it doarp; ploechjes jongfeinten en -fammen kuieren skimerjûns troch de buorren, om ljuensk nei inoar te loaitsjen, stikem te mûskopjen en letter tútsjeboartsjend oer de merke te strunen.
  4. Boeren en hannelers kochten fee op ’e merk; oare bisten waarden wreed offere, by barbaarske en grouwélige folksfermaken lykas hoannegefjochten, katkneppeljen, swyntsjetik, guozzelûken en it ferneamde Geastmer hûnewippen: troch in tou strak te lûken waard in hûn de loft yn smiten, dy’t it by it delkommen op de klinkerts meastentiids net oerlibbe.
  5. Foar de doarpsbewenners sels wiene der ek nuveraardige spultsjes; fansels it wenstige kroaderiden en it aairinnen, mar ûnder ynfloed fan de brandewyn mei rezinen op de matinee ek it alâlde knibbelfielen; dan moasten de manlju de boksen opstrûpe en de froulju blynseach oan de al of net behierre knibbels fiele, oft dy fan har oarehelte wiene, of dochs fan in boer fan bûtenút.
  6. ‘Mar sa is it dus al lang net mear,’ sei Klaas. It dûnsjen fan skotse-trije en fokstrot op live muzyk fan De Wiko’s moast úteinlik wike foar de desibellen fan trance en techno. Foar it doarpsfeest bliuwe jo net mear thús fan it wurk; it is in gefaar foar de karriêre, tink mar oan de risiko’s op blessueres by de seiskamp.
  7. De aventoeren áchter de tinte binne lykwols noch hieltyd deselde: buorlju dy’t simmerdeis wykliks mei-inoar barbecueden (barbekjûden) op ’e oprit, mar, no’t buorfrou fan nûmer seis en buorman fan nûmer acht tegearre op it doarpsfeest it fleis ek ris óars keare woene, einigen yn in skieding yn de foarm fan in houten sket tuskenbeiden, by de opreed del, mei allinnich by need noch rjocht fan reed.

 Karen Bies