Jiersympoasium Wurkgroep Maritime Skiednis
It jiersympoasium fan 12 febrewaris 2022 fan de Wurkgroep Maritime Skiednis giet net troch yn ferbân mei de koroana-maatregels. Mooglik komt der in nije datum of in oanpast (digitaal) programma.

De Nederlânske gewesten binne al sûnt de lette midsiuwen ôfhinklik fan in geregelde oanfier fan nôt en hout út Noard- en East-Europa. Sûnder de oanfier fan dy produkten hie de ekonomyske bloei fan de Gouden Iuw ûntinkber west.
It hout kaam yn haadsaak út Skandinavië en Ruslân. It measte waard yn houtmûnen yn de Nederlannen ferwurke, wêrnei’t it syn wei fûn yn de skipsbou en de niverheid.
Yn 2018 waard in histoaryske manifestaasje organisearre wêrby’t dy houtfeart efkes ta nij libben wekke waard. In karavaan fan âlde skippen brocht hout nei ‘De Rat’, in houtmûne by Drylts.
Ynspirearre troch dat evenemint, organisearret de Wurkgroep Maritime Skiednis fan de Fryske Akademy in sympoasium oer dizze bedriuwstûke út eardere iuwen.
13.00 | Ynrin mei kofje/tee |
---|---|
13.30 | Iepening fan it sympoasium troch Rob Leemans (foarsitter Wurkgroep Maritime Skiednis) en Peter Tolsma (deifoarsitter) |
13.45 | Concurrentie, conjunctuur en contrasten in de Friese houtvaart (17de-18de eeuw) troch Hanno Brand, Fryske Akademy/Rijksuniversiteit Groningen |
14.15 | Schepen voor de houtvaart. Scheepstypen en constructie gedurende de 17de en begin 18de eeuw troch Jeroen Louwe Kooijmans, wittenskiplik ûndersiker Scheepvaartmuseum, Amsterdam |
14.45 | Skoft |
15.15 | Timber, trade and culture. Close connections between Norway and the Netherlands 1550-1750 troch Margit Løyland, senior argivaris Nasjonaal Argyf, Oslo |
15.45 | Een bijproduct van hout. Productie en transport van pek en teer op Nederlandse schepen uit het Oostzeegebied (17de-18de eeuw) troch Rob Leemans en Albert van Brakel, histoarikus en ûndersiker |
16.15 | Niet alleen hout uit Noorwegen: de bemoeienis van (hout)schippers uit de Friese Zuidwesthoek met stokvis en bakkeljauw troch Jan de Vries, ûndersiker Fryske maritime skiednis |
16.45 | Ofsluting troch Rob Leemans |
17.00 | Buorrel |
De fiertaal fan it sympoasium is Nederlânsk.