Skip to main content Skip to page footer

Feestlike presintaasje fan it 75e Genealogysk Jierboek

Sneon 4 april 2026. Tresoar, Ljouwert. 11:30-16:00

Op sneon 4 april 2026 sil it 75e Genealogysk Jierboek 2025 presintearre wurde, folslein yn in nij jaske!

It Genealogysk Jierboek wurdt sûnt 1951 alle jierren útjûn troch de Fryske Akademy en stiet ûnder redaksje fan leden fan it Genealogysk Wurkferbân. It jierboek befettet genealogyske bydragen, lykas kertiersteaten, parentelen en oare rekonstruksjes fan famyljerelaasjes út eardere tiden, en in oersjoch fan wapenregistraasjes troch de Fryske Rie foar Heraldyk.

It Genealogysk Jierboek stiet ûnder redaksje fan Jan T. Anema, Harmen Foekema, Jelle de Jong, Anne Hielke Lemstra en Pieter Nieuwland. 
Heraldysk meiwurker: Rudolf J. Broersma. 

Tagong en opjefte

Alle belangstellenden binne fan herte wolkom, de tagong is fergees.

Yn ferbân mei it regeljen fan de lunsj en de buorrel is opjefte (foar 29 maart) ferplichte: 

Oanmelde

 

It jierboek bestelle

Wolle jo it Genealogysk Jierboek 2025 bestelle? Dat kin mei ûndersteand bestelformulier. 

Bestelformulier GJ 2025

Programma

Iepening troch foarsitter Gosse van der Plaats

Yn memoriam Ype Brouwers troch Jelle de Jong

Mei in digitale taspraak fan prof. dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy.
It earste eksimplaar fan it Genealogysk Jierboek 2025 wurdt útrikt oan dr. Han Nijdam, dy't út namme fan de Fryske Akademy oanwêzich is by dizze dei.
Pieter Nieuwland fertelt koart oer de histoarje fan it Genealogysk Jierboek 

 

Troch Jantine van der West en Froukje Sijtsma as ynlieding op it panelpetear nei 't skoft.
De dielnimmers jouwe in yntroduksje en fertelle koart harren fyzje op it tema

Skoft mei lunsj

Panelpetear oan de hân fan stellingen en fragen oer de tapassingen en takomst fan Genealogysk ûndersyk, ûnder begelieding fan Froukje Sijtsma en Jantine van der West.

De panelleden binne:

  • Johan Wagenaar
  • Martha Kist
  • Marga Claus
  • Paul van der Zwaag

14.00 Simke Kloosterman en har trêftige foarteam - Jan T. Anema
14.10 Hopperus - Pieter Nieuwland 
14.20 Steven Egberts en zijn Stellingwerfse nakomelingen - Kees P. de Boer
14.30 De Franse herkomst van de Friese familie Romar en Earherstel foar Rixt Heslinga - Jan T. Anema
14.40 Nijs oer it folk fan Jencke Aerntsz - Pieter Nieuwland
14.50 Fryske Rie foar Heraldyk: Wapenregistraasje – Jelle Terluin

Sluting troch foarsitter Gosse van der Plaats.

Foarsitter Gosse van der Plaats en skriuwer Jabik van der Bij nimme dizze dei ôfskied as bestjoersleden fan it Genealogysk Wurferbân. Sy wurde betanke foar al harren krewearjen. Wy hjitte tagelyk de nije foarsitter, Wybo Palstra, en skriuwer, Melle van der Heide, wolkom. 

 

 

Neisit mei hapke en drankje

Panelpetear "Tapassingen en takomst genealogysk ûndersyk"

Panelpetear oan de hân fan stellingen en fragen oer de tapassingen en takomst fan Genealogysk ûndersyk, ûnder begelieding fan Froukje Sijtsma en Jantine van der West.

Johan Wagenaar
Johan Wagenaar is hikke en tein yn de Fryske Súdwesthoeke en wennet hjoed-de-dei mei syn gesin op de Fryske klaai. Yn beide gebieten lizze syn roots. Johan wurke mei in soad wille as learkrêft yn it basisûnderwiis en is tsjintwurdich eigener fan in histoarysk ûndersyksburo. Johan hat goed 35 jier ûnderfining mei genealogy.

Martha Kist
Martha Kist studearre Mediëvistyk en Geschiedenis oan de Ryksuniversiteit Grins. Sûnt 2002 wurket sy as kolleksjefoarmer by Tresoar yn Ljouwert. Dêrneist wurket sy as zzp ' er op it mêd fan genealogysk ûndersyk, byld - en tekstredaksje. Martha is einredakteur fan 11 en 30, it ôfdielingsblêd fan de NGV afd. Friesland.

Marga Claus
Marga Claus skriuwt Fryske romans, wêrby’t trije titels oersetten binne nei it Nederlânsk. Se jout lêzingen oer de boeken, en workshops oer it belang fan libbensferhalen. Dêrnjonken hâldt se har sa’n tritich jier dwaande mei kursussen auto-biografysk skriuwen foar begjinners en trochsetters, ûndermear by Tresoar en earder ek yn de P.I. yn Ljouwert.

Paul van der Zwaag
Paul van der Zwaag is as klinysk genetikus wurksum yn it UMCG en hâldt him ûnder mear dwaande mei erflikheidsûndersyk nei erflike hertsykten. Stambeamûndersyk is ûnderdiel fan it fak en helpt om erflike oarsaken op te spoaren en famyljeleden mei in ferhege kâns op in erflike oandwaning te identifisearjen.