Skip to main content

Universitêr ûnderwiis

 

Foar de Fryske Akademy binne learstuollen, dosintskippen en detasjearrings oan universiteiten en (hege)skoallen wichtich, om’t se soargje foar ynbêding fanút ekspertize yn it akademyske ûnderwiisbestel. Sa kinne studinten en promovendy berikt wurde, dy’t ús takomstige kollega’s binne. Ek as strategyske gearwurkingskâns tusken ynstituten spylje dosintskippen en learstuollen in wichtige rol. Wy jouwe dêrom talinten de kâns om har te ûntwikkeljen rjochting universitêr dosint en heechlearaar.

Foar it fakgebiet is it essinsjeel dat der in nije generaasje eksperts klearstiet om studinten op te lieden en om yn de takomst learstoelhâlderskip op har te nimmen. De Akademy spilet dêr in rol yn troch eksperts te detasjearjen en te soargjen foar de ûntwikkeling fan de selsstannige ûndersikers fan de takomst. Mei universitêr ûnderwiis, promoasjetrajekten en staazjeplakken drage wy by oan kennisoerdracht oer de Fryske taal en regionale skiednis.

 


Bysûndere learstuollen

De Fryske Akademy fersoarget mei (bysûndere) learstuollen yn Amsterdam en Utert universitêr ûndersyk en ûnderwiis op it mêd fan 'e frisistyk.

Universiteit fan Amsterdam
De Akademy hat in konvenant mei de Universiteit fan Amsterdam (UvA) sletten om dêr binnen de learstuol Germaanske talen it Frysk in plakje te jaan. De bysûndere learstuol Fryske taalkunde bliuwt bestean en krijt in plakje binnen de learstoel Germaanske taalkunde. Dêrby is der bysûnder omtinken foar de Dútske, Skandinavyske en Fryske talen. De learstoel wurdt beset troch prof. dr. Arjen Versloot. Fierdersoan wurde oan de Universiteit van Amsterdam troch de Akademy kolleezjes taalwinning Frysk fersoarge.

Universiteit Utrecht
Ut namme fan de Fryske Akademy is prof. dr. Hans Van de Velde sûnt 2019 ferbûn oan de Universiteit Utrecht. Hy beset dêr de learstoel Sosjolinguistyk mei oandacht foar de taalsituaasje yn Fryslân.

Oan oare universiteiten wiene de ôfrûne jierren ek bysûnder heechleararen út namme fan de Fryske Akademy ferbûn. De Fryske Akademy hie fan 2017-2022 ien bysûnder heechlearaarskip oan de Ryksuniversiteit fan GrinsFryslân yn de hannelsnetwurken fan pre-yndustrieel Europa (1000-1800): prof. dr. Hanno Brand. Oant 2017 en 2021 hie de Fryske Akademy twa bysûnder heechlearaarskippen oan de Leidske universiteit. It bysûnder heechlearaarskip foar de Fryske taal- en letterkunde, yn it bysûnder foar it Aldfrysk is mei de pensjonearring fan prof. dr. Rolf Bremmer Jr yn 2017 net fuortset. Yn july 2021 kaam, mei de pensjonearring fan prof. dr. Hans Mol, in ein oan it bysûnder heechlearaarskip foar de midsiuwske skiednis fan ’e Fryske lannen.

 

 


Foto: Jean-Pierre Jans

Promoasjetrajekten

In bysûndere ûnderwiistaak fan de Akademy is it hûsfesten en begelieden fan promovendy. Op dit stuit binne der 2 promovendy stasjonearre op 'e Akademy.

Wy sette ús aktyf yn op it winnen fan jonge promovendy fia NWO, de UCL en Europeeske jildstreamen en stribje dernei om alle jierren op syn minst twa promovendy of postdoks oan te lûken.

 

 


Fryske Akademy en University College Ljouwert (UCL)

Tegearre mei 14 oare kennisynstellings hat de Fryske Akademy meiwurke oan ’e oprjochting fan it University College Ljouwert (UCL) fan ’e Ryksuniversiteit Grins. Dit UCL hat yn jannewaris 2016 de eardere University Campus Fryslân (UCF) opfolge en de Graduate School oernommen. Op 24 juny 2016 hat de Fryske Akademy it Heger-Underwiisakkoart Fryslân (HOAF) mei ûndertekene foar de gearwurking mei it UCL by de fierdere ûntwikkeling fan it University College ta de RUG/Campus Fryslân dy't it no is. 

 

 

Gastkolleezjes

Meiwurkers fan 'e Akademy jouwe fan en ta gastkolleezjes oan universiteiten en hegeskoallen.

  • Hawwe jo belangstelling foar in lêzing of in gastkolleezje fan ien fan ús wittenskippers? Jo kinne hjir op 'e syk nei ien fan ús meiwurkers. Of nim foar ynljochtings kontakt op mei de kommunikaasje-ôfdieling.

 

Foto slider: Jean-Pierre Jans