Ekskurzje Archeologysk Wurkferbân
Gean mei op ekskurzje nei it archeologymuseum Huis van Hilde op 5 septimber 2026!
It reiske wurdt organisearre troch it Archeologysk Wurkferbân.
Huis van Hilde
Huis van Hilde is ít plak foar archeology yn Noard-Hollân. It bestiet út in archeologysk depot en een museum. Mei de nijsgjirrige kolleksje fan archeologyske fynsten út de boaiem fan Noard-Hollân fertelt it museum de skiednis fan de provinsje. Fan hammerbilen út de Nije Stientiid oant soldatehelms út de Twadde Wrâldoarloch; alle fynsten fertelle wat oer in oare tiid. Yn it museum wurde archeologyske fynsten tagonklik makke foar in breed publyk. Yn it depot wurde de fynsten ûndersocht foar de wittenskip. Lês mear oer it museum fia harren website.
De ekskurzje
Opjefte: Wa't mei wol kin him/har opjaan fia de e-mail. By foldwaande opjefte giet de reis troch en folget neiere ynformaasje.
Kosten: Museumentree fan € 10,- (fergees foar hâlders fan de museumkaart, jongerein ûnder de 18 jier betelje € 6,-)
Ferfier: It plan is om der mei de auto hinne te gean. Foar minsken sûnder ferfier is it mooglik om mei in oar mei te riden. Wa't mear witte wol kin in mail stjoere nei foarsitter Sible de Roos.
Oer it Archeologysk Wurkferbân
It Archeologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy wol amateurarcheologen yn Fryslân byinoar bringe. Mei in ferskaat oan aktiviteiten wurdt besocht om it âldheidkundich ûndersyk yn 'e provinsje te stypjen.
Troch it organisearjen fan lêzingen, kursussen, praktysk wurk en ekskurzjes wurdt besocht om de kennis fan 'e leden oangeande de archeology te fergrutsjen. Soks kin bydrage ta it sinfoller omgean mei de leafhawwerij. In oansprekkende aktiviteit is fierders dat leden dielnimme kinne oan opgravings fan foechhawwende ynstânsjes.
It Arecheologysk Wurkferbân organisearret yn it winterskoft fan 2026/2027 in rige fan gearkomsten:
- Lêzing 1: tiisdei 06-10-2026
- Lêzing 2: tongersdei 12-11-2026
- Lêzing 3: tiisdei 02-02-2027
- Lêzing 4: tongersdei 15-04-2027
Mear ynformaasje folget.