Skip to main content Skip to page footer

Lêzing Archeologysk Wurkferbân: Marcel Niekus

Ledegearkomste mei lêzing yn Tresoar (Ljouwert)

It bestjoer fan it Archeologysk Wurkferbân nûget jo út foar in lêzing fan Marcel Niekusop tiisdei 15 april 2027.
Elkenien is wolkom, nim ek eigen fynsten mei foar determinaasje. 

Lokaasje: Tresoar, Ljouwert
Tiid: 19:45

Marcel Niekus
Marcel Niekus is archeolooch en spesjalisearre yn ûndersyk nei de Stientiid. Yn 1995 studearre Niekus ôf oan de Ryksuniversiteit Grins. As foarsitter fan de Stichting Stone set Niekus him yn om kennis oer de prehistoaryske mienskippen yn Nederlân te fergrutsjen, troch ûndersyk te dwaan en dizze tagonklik te meitsjen foar sawol wittenskippers, beliedsmakkers as in breed publyk. Yn 2007 ûntduts Niekus, mei in groep studinten fan de Ryksuniversiteit Grins, in stik lân mei in soad fynsten dy't wize op de oanwêzigens fan Neanderthalers, lykas fûstbilen en fjoerstiennen. Yn 'e mande mei amateurarcheologen hat Niekus it fjild jierrenlang ûndersocht en sil no yn opdracht fan de Provinsje Drinte sykje nei oar materiaal, lykas botresten. Niekus skreau yn 2018, tegearre mei Yuri van Koerveringe, it boek De Midden-Steentijd in Fryslân: Jager-verzamelaars aan de oevers van het Burgumer Mar in de reeks Archeologie in Fyslân.