Skip to main content Skip to page footer

Lêzing Archeologysk Wurkferbân: Theun Varwijk

Ledegearkomste mei lêzing yn Tresoar (Ljouwert) oer de histoarje fan Boalsert

It bestjoer fan it Archeologysk Wurkferbân nûget jo út foar in lêzing fan Theun Varwijk op tiisdei 13 oktober 2026.
Elkenien is wolkom, nim ek eigen fynsten mei foar determinaasje. 

Lokaasje: Tresoar, Ljouwert
Tiid: 19:45

Oer Theun Varwijk
Theun Varwijk is archeolooch by ûndersyksburo RAAP en belutsen by opgravings yn Boalsert. Dizze opgravings leveren in soad ynformaasje op oer de histoarje fan 'e stêd troch bysûndere fynsten, lykas fûneminten fan hûzen en wetterputten, in heiligenbyldsje, in mantelspjelden, munten en sels in Arabyske muntfibula út de 12e iuw. Op basis fan dit materiaal kin Varwijk hiel wat fertelle oer de ûntwikkeling fan Boalsert. 

It Arecheologysk Wurkferbân organisearret yn it winterskoft fan 2026/2027 in rige fan gearkomsten:

  • Lêzing 1: tiisdei 13-10-2026
  • Lêzing 2: tongersdei 12-11-2026
  • Lêzing 3: tiisdei 02-02-2027
  • Lêzing 4: tongersdei 15-04-2027