Skip to main content Skip to page footer

Angel Villanueva via Pixabay

Jûn Archeologysk Wurkferbân oer fynsten in âlde tsjerken

It bestjoer fan it Archeologysk Wurkferbân nûget jo út foar in ledegearkomste op tiisdei 26 novimber 2024, de jûns om 19.45 oere yn it gebou fan de Fryske Akademy yn Ljouwert. 

Neist de behanneling fan ynkommen stikken en meidielingen steane der ek twa nijsgjirrige lêzings op it programma. Henk Sloots sil wat fertelle oer muntfynsten út Fryske tsjerken: wat drage se by oan ús ynsjoch yn deistige (lytsjild)gebrûk, bouskiednis en numismatyk? Sible de Roos sil fertelle oer wat ien tsjinkomme kin yn âlde Fryske tsjerken. 

Hawwe jo ek noch moaie fynsten thús? Nim se mei, dan is der nei de lêzings gelegenheid om se oan de oare leden sjen te litten en te bepraten.

Mear ynformaasje oer it Archeologysk Wurkferbân en it folsleine programma fine jo op harren pagina