Skip to main content Skip to page footer

Byld út FryslânDOK 'Swurd', Omrop Fryslân.

Dokumintêre 'Swurd' bringt Frisia wer ta libben

Archeologyleafhawwer Sander Visser fûn yn 2024 wat opmerkliks: mei syn metaaldetektor spoarde hy yn it Fryske Wytmarsum in seldsum fragmint fan in tsiende-iuws Fikingswurd op. Yn de FryslânDOK 'Swurd' bringt filmmakker Mirjam de With it swurd wer ta libben: wat soe it meimakke hawwe? En as it prate koe, wat soe it dan fertelle kinne oer Fryslân yn de Fikingtiid? Undersiker Nelleke IJssennagger-van der Pluijm fan de Fryske Akademy tocht mei har mei.

Yn de iere midsiuwen wiene swurden mear as allinnich wapens. De swurden waarden fersierd, krigen nammen én minsklike skaaimerken takend. De foarm liket ommers op in minsk: in hânfet mei in kop en earmen, it swurd as liif. It nuvere oan de fûne swurdkop, oftewol de ‘pommelkap’, yn kwestje: hy is loslutsen. It swurd is ûnthalze. Wêrom? En hoe soe syn liif derút sjoen hawwe?

Archeologysk smid Sebastaan Pelsmaeker rekonstrurearre it swurd nei de techniken út it jier 950. Dat die hy foar de tentoanstelling ‘Redbad: de legendarische koning’ fan it Fries Museum. Yn Swurd is de produksjewize stap foar stap te sjen. Diana Spiekhout (konservator fan it Fries Museum) en Nelleke IJssennagger–van der Pluijm (direkteur-bestjoerder Fryske Akademy en bysûnder heechlearaar Kultuerskiednis fan it súdlike Noardseegebiet yn de iere midsiuwen en Fikingtiid) lizze út wa’t it swurd fêsthân hawwe, hoe’t it âlde Fryslân (Frisia) der út seach, en dat Friezen en Fikingen dochs net sa skieden libben as we tochten.

Stim

Filmmakker Mirjam de With twivele yn earste ynstânsje oft it ûnderwerp wol by har paste: as spylfilmregisseur dy’t sels personaazjes bout, wie non-fyksje noch ûnbekend gebiet. Dat feroare doe’t se derachter kaam dat swurden yn de midsiuwen as persoanen sjoen waarden. “Ik frege my daliks ôf wat it meimakke hie. It swurd moast in stim hawwe. Hy wie myn ferteller!” 

Swurd nimt de sjogger mei nei it âlde Fryslân fan fjildslaggen, kriichslju, goaden en Fikingen, en bringt Frisia wer ta libben. 

Swurd slút oan by de tentoanstelling 'Redbad' dy’t fan 5 septimber ôf te sjen is by it Fries Museum

Sjen

Swurd is te sjen op:
- Sneon 5 septimber: 15:30 op NPO2
- Snein 6 septimber: 13.15 op NPO2 en fan 17.00 ôf alle oeren op Omrop Fryslân.

Online sjen? Dat kin fan 5 septimber ôf op fryslandok.nl en NPO Start.

Pommel

Earder skreaunen wy al oer de fynst fan de swurdpommel: Primeur: tsiende-iuwsk Fikingswurdfragmint fûn yn Fryske boaiem