Skip to main content Skip to page footer

Geurûndersiker Eveline de Smalen by de lansearring fan Een Neus voor Erfgoed yn Museum Joure (foto: GewoanDwaan, Douwe Bijlsma)

Geurûndersiker Eveline de Smalen fertelt op de Akademydei oer de geuren fan Fryslân

Wat binne typysk Fryske geuren? En binne der Fryske geuren dy't sa weardefol binne dat wy se bewarje wolle as erfgoed? Kom yn de kunde mei Eveline de Smalen, dy’t sûnt jannewaris 2026 úteinset is as gastûndersiker fan it ûndersyksprojekt Een Neus voor Erfgoed. Op de Akademydei (freed 11 septimber 2026) fertelt se noch folle mear oer de geuren fan Fryslân.

Wat hâldt Een Neus voor Erfgoed krekt yn?


Een Neus voor Erfgoed is in gearwurkingsprojekt tusken KNAW Humanities Cluster (Meertens Instituut en NL-Lab), International Flavors & Fragrances (IFF) en de Fryske Akademy. Mei myn kollega’s ûndersykje ik Frysk geurerfgoed: hokker geuren meitsje Fryslân no echt ta Fryslân, en hoe binne karakteristike geuren troch de tiid hinne feroare?”

“Om dêrefter te kommen, hawwe wy in fragelist útset dy’t iepenstiet foar elkenien dy’t in bân mei Fryslân hat. Dêrneist fersoargje wy workshops mei in ‘snuffelmeubel’. Oan de hân dêrfan gean ik mei lytse groepkes ‘rûkers’ yn petear oer bepaalde geuren en wat dy foar harren betsjutte. Fierder sil ik geuren yn literatuer en argiven ûndersykje.”

“Uteinlik wolle wy sa’n tsien of alve geuren útkieze, dy’t it ferhaal fan Fryslân yn geur fertelle. Dy geuren sille wy presintearje yn in museum of erfgoedynstelling, en miskien sels yn in reizgjende útstalling dy’t in geuralvestêdetocht ôfleit.”

Hoe unyk is ûndersyk nei geuren?

“Us ûndersyk komt fuort út Odeuropa, in projekt oer geurerfgoed yn Europa, dêr’t histoaryske geuren út it hiele kontinent ynsammele binne. It liket miskien dreech om alle geuren fan Fryslân werom te bringen nei ien oersichtlike set fan geuren dy’t Fryslân gripe – dat is it ek! Mar as it slagge is foar hiel Europa, dan sil it foar Fryslân grif ek slagje.”

Wêrom wolle jimme geuren fêstlizze?

“Geur is nijsgjirrich, omdat it sa wichtich is yn it deistich libben: we brûke geuren om ús omjouwing en oare minsken te werkennen en om yn te skatten oft we feilich binne. In grut part fan ús smaak wurdt ek bepaald troch geur. Geur is emoasje. Dochs realisearje wy ús faak net dat geur sa wichtich is en wy prate der ek net in soad oer. Mar just troch dy te rjochtsjen op geur, ûntdekst in stikje fan dyn deistige ûnderfiningen op in oare wize, en dat makket it libben riker.” 

Do bist opgroeid yn Flaardingen. Wêr komt dyn fassinaasje foar Fryslân wei?


“Ik bin oplaat as anglisiste. Stadichoan krige ik mear omtinken foar de rol fan natuer en miljeu yn de literatuer út en oer Noard-Nederlân. Sûnt 2025 bin ik dwaande mei Fryske taal en kultuer yn it bysûnder. As Tresoar Fellow haw ik de ferbylding fan it Waad yn it wurk fan Durk van der Ploeg ûndersocht en no dus as gastûndersiker by it Meertens Instituut en de Fryske Akademy. Myn bân mei Fryslân komt fuort út myn leafde foar taal en literatuer.”

Wat is eins dyn eigen favorite geur fan Fryslân?

“Dat is foar my dochs echt de lucht fan de seedyk mei skiep en de kwelders. Sûnt ik dwaande bin mei dit ûndersyk rûk ik folle aktiver om my hinne en haw ik allegear geuren ûntdutsen wêrfan’t ik hielendal net wist dat se der wiene.  Myn tip: let ris op watst hjoed allegear rûkst en rûk ris oan eat dêr’t je noch nea earder oan rûkt hawwe. Wa wit watst dan allegear ûntdekst!”

 

Meidwaan oan it ûndersyk? 

Folje de fragelist yn fan it ûndersyksprojekt Een neus voor erfgoed - Hoe rûkt Fryslân?

Opjaan foar de Akademydei - freed 11 septimber 2026

De Fryske Akademy nûget jo fan herte út by de jierlikse Akademydei, ús 88ste Dies Natalis. Op freed 11 septimber 2026 is elkenien fan 13:30 oere ôf fan herte wolkom yn BOEL (foarhinne Zalen Schaaf) yn Ljouwert, om mei ús te proasten, te praten en te jeu-de-boulen!

Aanmelden

Graach fia dit oanmeldingsformulier.

Programma

13.30 Ynrin mei kofje/tee
14.00 Iepening (troch Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, Fryske Akademy)
14.15 Lêzing dr. Mans Schepers (miljeu-archeolooch Ryksuniversiteit Grins) oer planten en geuren yn 'e tiid fan Kening Redbad
14.40 Utrikking Fryske Akademy skripsjepriis 2026
15.00 koart skoft  
15.15 beneaming nije Akademyleden
15.45 Lêzing troch dr. Eveline de Smalen (Fryske Akademy en Meertens Instituut) oer ûndersyksprojekt Een Neus voor Erfgoed 
16.10 Buorrel, jeu-de-boule

Praktyske ynformaasje


Datum: Freed 11 septimber 2026
Lokaasje: BOEL (Zalen Schaaf)
Adres: Breedstraat 48, 8911 GJ Ljouwert