Skip to main content Skip to page footer

In nije hússtyl foar de Fryske Akademy

85 jier wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus betsjut ek dat wy by de Fryske Akademy al 85 jier ús bêst dogge om ús ûndersykswurk sichtber en brûkber te meitsjen. Foar ús efterban, foar de provinsje Fryslân en fansels ek yn tanimmende mate foar de hiele (digitale) wrâld.
 

Nij logo

Wat jo no op dizze website sjogge, is ús nije logo en ús nije hússtyl. Hjir kinne wy hooplik noch jierren mei troch. Dit moaie, nije en frisse logo is ûntwurpen troch Michel Montsma en Bouwe Huisman fan buro GPNo op 'e Jouwer. Wy wurkje al langere tiid mei harren gear en sy begripe dat wy altyd de balâns sykje tusken wittenskip en mienskip.

It logo is ûntstien út de gedachte wei dat wy as wittenskippers altyd de kearn sykje. Mar ek dat de Fryke Akademy it middelpunt fan de Frisistyk is en wêze wol. It logo liket in labyrinth, mar is wol sa iepen dat elkenien altyd binnenkomme mei en syn paad fine kin. De foarmen binne strak, tagonklik, dúdlik, mar ek boartlik. De A yn it logo liket sels op in plakwizer op in digitale kaart. Sa fan: "Hjir moast wêze!" Mar it hat ek wol wat wei fan de foarm fan de provinsje Fryslân, mei de eilannen deromhinne.

De website is makke troch Anthony Scales fan Screensuccess.
 

Ymplemintaasje

De kommende wiken en moannen sille wy dizze nije kleuren en foarmen trochfiere yn al ús uteringen. Op ús kopjes, ús pennen, ús briefpapier, ús enveloppen, ús Ut de Smidte... Mar hjoed kinne we al grutsk ús nije website sjen litte.

Dizze website, mar ek dy fan ús Mercator Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, is net it einprodukt, mar in nij begjin. Der sille grif noch wat flaterkes ynsitte, der sil miskien noch wat ûntbrekke, mar fan hjir út kinne we fierder wurkje.
 

Kontakt

Wolle jo graach jo gedachten oer de nije hússtyl mei ús diele, of hawwe jo opmerkings oer de website? 
Wy hearre it graach. Jo kinne ús altyd in e-mail stjoere.