Skip to main content Skip to page footer

St. Anthony Gasthuis

Lêzing Fryske Akademy by jubileum bourlju St. Anthony Gasthuis

Fryske Akademy's buorman, it St. Anthony Gasthuis yn Ljouwert, bestiet 600 jier. Lokwinske! Om dit bysûndere jubileum te fieren, wurdt in grut ferskaat oan eveneminten organisearre yn en om it St. Anthony Gasthuis.

Op woansdei 5 febrewaris om 15:00 oere middeis is taalkundige Martijn Kingma fan de Fryske Akademy en de Universiteit fan Amsterdam útnûge om in lêzing te fersoargjen oer Fryske dialekten. Hy fertelt oer hoe’t de ferskillende regio’s yn it Frysk klinke en hoe’t Friezen sels dy regionale ferskillen belibje.

Nei de lêzing is der mooglikheid ta in rûnlieding troch it gebou fan de Fryske Akademy.

De tagong is fergees, mar oanmelding is wol needsaaklik yn ferbân mei in beheind tal plakken. Oanmelde kin fia e-mail.