Mei fernijd HisGIS navigearje troch it Nederlân fan 1832: efter elk perseel in ferhaal
Wat is HisGIS?
HisGIS (Histoarysk Geografysk Ynformaasjesysteem) sette mear as tweintich jier lyn útein op de Fryske Akademy. It doel wie om fan Fryslân en Noard-Nederlân it âldste Kadaster (1812-1832) per perseel te digitalisearjen en om op sa'n digitale kaart, per perseel, ekstra histoaryske en archeologyske ynformaasje sichtber te meitsjen.
Troch it keppeljen fan ferskate datasets, fan beroppen, midsiuwske galgen en pachtûntwikkeling ta ynkommen, sosjale segregaasje en mobiliteit yn njoggentjinde-iuwske binnenstêden, waard in ynfrastruktuer kreëarre foar it analysearjen en presintearjen fan histoaryske geografyske data foar Nederlân, basearre op de lytste geografyske ienheid: it perseel.
Foar de hiele erfgoedsektor
HisGIS.nl is relevant foar de hiele erfgoedsektor: ûndersikers, archeologen, beliedsmakkers, musea en argiven, lokale histoaryske ferieningen en TimeMachine-projekten, ûnderwiis, en elkenien mei ynteresse yn de eigen omjouwing of famyljeskiednis.
Mar wat kinst der dan mei? Wat tochst fan ûndersyk nei:
- bioferskaat en lânskip: troch njoggentjinde-iuwske kaarten te ferlykjen mei it hjoeddeiske lângebrûk bringe ekologen yn kaart hoe't bosken, heide en beken harren ûntwikkele hawwe, krúsjaal foar natuerherstel en archeologysk ûndersyk.
- sosjaal-ekonomyske skiednis: hokker wiken wiene tichtbefolke en earm, wêr sloegen stedske pokke-epidemyen it hurdst ta, en hoe kaam sosjale ûngelikens ta útdrukking yn wa't hokker grûn hie?
- genealogy en famyljeskiednis: partikulieren kinne útsykje hokker huzen en ikkers harren foarâlden hiene, gewoan thús achter de eigen kompjûter.
Basis fan HisGIS
De basis fan HisGIS leit yn it Kadaster út 1832, dat hiel Nederlân bestrykt. It ûntwerp fan HisGIS komt fuort út in projekt dat yn 1988 opset waard troch Hans Mol en Paul Noomen (Fryske Akademy): de Kadastrale en Pre-kadastrale Atlas van Friesland. Dit wie in analoge publikaasje, publisearre yn 17 dielen tusken 1988 en 2003.
Yn 1998 waard úteinset mei it digitalisearjen fan de Fryske dielen fan it Kadaster út 1832, in projekt dat pas yn 2005 ôfrûne waard. Yn it ferlingde hjirfan waarden tal fan nije kaarten en digitale ynformaasjelagen tafoege. De metodology en it ûntwerp fan it digitale Fryske HisGIS wie foarútstribjend en basearre op de technyske mooglikheden fan dat momint. Tusken 2016 en 2019 waard in begjin makke om de kaart fan 1832 opnij te georeferearjen, sadat dy as basis tsjinje koe foar it Kadaster fan 1887. It hiele proses fan ferbetteringen hat der úteinlik ta laat dat de kaart begjin 2020 klear wie.
Oare provinsjes
Nei't de provinsje Fryslân suksesfol digitalisearre wie, waarden de oare Nederlânske provinsjes benadere troch it HisGIS-projektteam fan de Fryske Akademy. De provinsje Grinslân waard yn 2010 as earste yn it HisGIS systeem set, wêrnei't de oare provinsjes folgen: Utrecht (2011), Oerisel (2012), Noard-Hollân (2013), Drinte (2016), Noard-Brabân (2017), Gelderlân (2018), Limboarch (2019), Seelân (2020), Súd-Hollân (2020).
Fanwegen de tanimmende belangstelling foar Spatial Humanities waard it sukses en belang fan HisGIS opmurken troch de KNAW, dy't oanbea om, yn gearwurking mei de Fryske Akademy, de HisGIS in plak te jaan yn in lânlike digitale ûndersyksynfrastruktuer. Omdat HisGIS yntusken, troch de útwreiding oer alle provinsjes hinne, bûten it ûndersyksterrein fan de Fryske Akademy groeid wie, waard dit fersyk ferwolkomme.
Oerdracht HisGis fan Fryslân nei lânlik
Op 21 oktober 2024 hawwe de Fryske Akademy en it KNAW Humanities Cluster in gearwurkingsoerienkomst tekene om de ynbêding fan it Histoarysk-Geografysk Ynformaasjesysteem (HisGIS) yn de nasjonale ynfrastruktuer te bekrêftigjen. De hantekeningen waarden set troch Leo Lucassen (direkteur Ynternasjonaal Ynstitút foar Sosjale Skiednis, út namme fan it KNAW Humanities Cluster) en Nelleke IJssennagger-van der Pluijm (direkteur-bestjoerder Fryske Akademy).
Mei de oerdracht fan de data, software en koade fan HisGIS nei it KNAW Humanities Cluster koene fierdere stappen set wurde om de ynfrastruktuer fierder út te rôljen yn Nederlân en sa op te nimmen yn CLARIAH, de nasjonale ûndersyksynfrastruktuer foar de geasteswittenskippen yn Nederlân.
De kwaliteitsympuls fan HisGIS is mei mooglik makke troch finansiering fan de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed / Ministerie van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap.
Mei tank oan frijwilligers
HisGIS siket noch aktyf nije minsken om de kwaliteit fan de data te ferbetterjen en nije data ta te heakjen. HisGIS.nl soe nammentlik net bestean kinne sûnder de ynset fan frijwilligers. Troch de nije manier fan finansiering is de stipe fan frijwilligers yntinsivearre en is der mear romte kommen foar ûnderlinge kennisdieling, sawol yn de jierlikse frijwilligersgearkomste as trochrinnend fia online fideo- en chatkanalen. In soad nije frijwilligers hawwe yntusken it paad nei it projekt fûn. Ynteressearren kinne har oanmelde fia de webside.