Skip to main content Skip to page footer

Huis van Hilde

Mei it Archeologysk Wurkferbân nei archeologymuseum Huis van Hilde yn Castricum

Gean mei op ekskurzje nei it archeologymuseum Huis van Hilde op 5 septimber 2026! 

It reiske wurdt organisearre troch it Archeologysk Wurkferbân. Huis van Hilde is ít plak foar archeology yn Noard-Hollân. It bestiet út in archeologysk depot en een museum. Mei de nijsgjirrige kolleksje fan archeologyske fynsten út de boaiem fan Noard-Hollân fertelt it museum de skiednis fan de provinsje. Fan hammerbilen út de Nije Stientiid oant soldatehelms út de Twadde Wrâldoarloch; alle fynsten fertelle wat oer in oare tiid. Yn it museum wurde archeologyske fynsten tagonklik makke foar in breed publyk. Yn it depot wurde de fynsten ûndersocht foar de wittenskip. 

Lês mear oer it museum fia harren website.

Praktyske ynformaasje

Datum: Sneon 5 septimber 2026
Opjefte: Wa't mei wol kin, him opjaan fia de e-mail. By foldwaande opjefte giet de reis troch en folget neiere ynformaasje.
Kosten: Museumyntree €10,- (fergees foar hâlders fan de Museumjaarkaart, jongerein ûnder de 18 jier betelje €6,-)
Ferfier: It plan is om der mei de auto hinne te gean. Foar minsken sûnder ferfier is it mooglik om mei in oar mei te riden. Wa't mear witte wol kin in mail stjoere nei foarsitter Sible de Roos.