Skip to main content

150 jier âlde eskdoarn yn Akademytún kandalabearre

Ien fan de âlde eskdoarns yn de Akademytún is kandalabearre. De monumintale beam is net mear yn goede steat. Foarich jier is der dêrom al dea hout útseage. Dit jier moast der keazen wurde foar drastysker maatregels foar de mear as 150 jier âlde beam.

De minne parten fan de beam binne fuorthelle en sa is it de hope dat de beam noch in jier as wat stean bliuwe kin. It hout dat frijkaam is oanbean oan Stadshout Leeuwarden. Dy kinne der moaie produkten fan meitsje. De Fryske Akademy krijt ynsjoch yn it proses wat der mei it hout dien wurdt.

De foto's binne makke troch Hindrik Sijens.