Skip to main content

Anne Merkuur nominearre foar Vrouw in de media Award

foto: De Fryske Marren

Njonken Anne Merkuur binne der noch alve oare froulju nominearre foar de Vrouw in de media Award Friesland. De nominaasjes meitsje diel út fan de lanlike ferkiezing fan de Vrouw in de Media. De ferkiezing wurdt organisearre troch Mediaplatform Vaker in de Media en Sprekersbureau ZijSpreekt.

Anne Merkuur út Aldehâske is as taalkundige ferbûn oan de Fryske Akademy en sûnt desimber jout se as ûniversitêr dosint oan de Rijksuniversiteit Groningen stal oan it ûnderwiis en ûndersyk fan de Fryske taal en kultuer. Dêrneist is se fraksjefoarsitter fan GroenLinks yn gemeente De Fryske Marren.

Stimme
Oant en mei sneon 14 jannewaris kin der stimd wurde. Dat kin hjir.