Skip to main content

Begelieding ûndersyk Wapens en wapenrissing yn Frisia

Kening Redbad

Undersiker dr. Han Nijdam fan de Fryske Akademy en dr. Johan Nicolai fan de Ryksuniversiteit Grins, earder winner fan de skripsjepriis fan de Fryske Akademy 1996 -1998, begeliede in ûndersyk nei Wapens en wapenrissing yn Frisia.

It ûndersyk wurdt útfierd troch konservator Middeleeuwen en Terpencultuur Diana Spiekhout fan it Fries Museum. Hja hat foar dizze stúdzje in Museumbeurs takend krigen.

Fan ûndersyk oant tentoanstelling
Yn de stúdzje wurdt de betsjutting fan wapens en wapenrissing yn Frisia út de perioade 350 oant 800 nei Kr. ûnder de loep naam. Archeologyske resten fan wapens binne wichtich yn it ûndersyk nei politike (yn)stabiliteit yn Noard - en Midden-Europa yn de iere midsiuwen. Eardere stúdzjes nei dit ûnderwerp oangeande Frisia biede lykwols gjin kompleet oersjoch fan dy foarwerpen. It nije ûndersyk hat dêrom as doel Frisia-breed alle wapens en wapenútrissing te ynventarisearjen. Sa kin mear ynsjoch krigen wurde yn de machtsûntwikkeling fan dit gebiet. Dy ynsichten wurde dêrnei pleatst binnen de ynternasjonale diskusjes oer de betsjutting fan wapens en de posysje fan Frisia yn de folksferhuzingstiid en de iere midsiuwen en de ûntwikkeling fan keningskip. De resultaten fan dit ûndersyk komme oan bod yn de tentoanstelling mei de wurktitel Redbad, dy 't yn 2026 yn it Fries Museum iepenje sil.

Museumbeurzen
It programma Museumbeurzen fan de Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek (NWO) jout foarm oan de mooglikheid om koartrinnend ûndersyk te dwaan yn ien fan de goed 400 musea yn Nederlân. It ûndersyk is yn hannen fan in museumekspert en fynt plak yn gearwurking mei universiteitsûndersikers. It beëage doel fan de Museumbeurzen is it ferdjipjen en ferdúdlikjen fan de ideeën, materialen en objekten yn de museumkolleksje.