Skip to main content

(Besletten) ynternasjonaal kongres oer sulver yn de iere midsiuwen

Op 29, 30 en 31 maart fynt yn it gebou fan 'e Fryske Akademy it ynternasjonale kongres 'Silver in Early Medieval Europe: Sources and Movement' plak. Dit besletten kongres is in gearwurking tusken de Fryske Akademy en it Europeeske projekt Silver and the Origins of the Viking Age.

 

Silver in Frisia

Nei in projektdiskusje en in lêzing fan James Graham-Campbell (emeritus hoogleraar middeleeuwse archeologie aan University College London en lid van de British Academy) op de earste dei, komme op de oare twa dagen yn fjouwer sesjes ferskate ûnderwerpen oan bod. De tema's binne 'Sources of silver', 'Movement of silver', 'Silver across the North Sea' en 'Silver in Frisia'.

Tidens de lêste sesje, 'Silver in Frisia', sil Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy en ûndersiker op it mêd fan ynterkulturele dynamyk en konneksjes yn it Noardseegebiet yn de (iere) midsiuwen, ek in lêzing fersoargje. De titel fan har presintaasje is 'Central because liminal: geography, networks and silver economy in ninth-century Frisia.' Oare sprekkers oer sulver yn Frisia binne Simon Coupland, gastûndersiker by de Fryske Akademy ('Central and liminal: Dorestad and Carolingian Frisia'), Elina Screen ('Frisian silver and wealth in the ninth-century Frankish world') en Mike McCormick ('Turning Lead into Silver: connecting Science, Archaeology and the future of early medieval economic history at Leeuwarden').

It folsleine programma fan dit besletten kongres is hjir yn te sjen (pdf). 


 
Oer it projekt

It projekt Silver and the Origins of the Viking Age is in projekt fan de universiteiten fan Oxford (FK) en Oulu (FI), mei finansjele stipe fan it European Research Council.  Mei help fan avansearre metoaden foar it fêststellen fan âld sulver is it algemiene doel fan dit projekt it begryp fan de iere ûntwikkeling fan de Fikingtiid te feroarjen. Dat sil berikt wurde troch in ynterdissiplinêre stúdzje fan njoggende-iuwsk sulver út it hert fan de Fikingwrâld: Fikingtiidrek Denemarken, dat it hjoeddeiske Denemarken, Sleeswyk-Holstein, Súd-Sweden en Súd-Noarwegen omfettet. Dit gebiet is ideaal foar analyze: it hat in útsûnderlik sulverbestân, mei fynsten út ferskate archeologyske konteksten, en in geografysk sintrale lizzing wêrtroch't it goed pleatst is om sulver út sawol it Easten as it Westen te ûntfangen. 

 

Kâns

De gearwurking tusken de Fryske Akademy en it projekt kaam ta stân troch kontakten dy't troch IJssennagger en Coupland lein binne mei Dr Jane Kershaw yn relaasje ta harren eigen ûndersyksprojekten en -fragen. Dit evenemint fynt no plak yn Ljouwert, omdat it Fryske gebiet hiel sintraal leit yn dizze ûndersyksperioade en fraachstelling, mar der ek noch net gênoch ûndersyk nei dien is.

In moaie kâns dus foar de Fryske Akademy om de nije ynsichten fan it projekt te brûken om foar it Fryske gebiet en om ús kennis oer Fryslân te dielen mei de ferneamde wittenskippers dy't foar dit kongres nei Ljouwert ôfreizgje. Foar de Akademy is it altyd tige wichtich om omtinken te freegjen foar de Fryske Kasus yn soksoarte ynternasjonale projekten.