Skip to main content

Binnentún Fryske Akademy poadium foar Frânsk toanielselskip

Foto: DIRTZTheatre

De histoaryske binnentún fan de Fryske Akademy is twa dagen lang it poadium fan toanielgroep DIRTZTheatre. Op útnûging fan it Fries Straatfestival fiert it Frânske selskip op freed 19 én sneon 20 maaie in spesjale trilogy op, ShortStories. Op freedtejûn is dizze yn syn gehiel te besjen, op sneon wurde de koarte foarstellingen ferdield oer de dei. De tagong is fergees.

ShortStories is in trilogy fan koarte acts mei in mjuks fan hjoeddeiske dûns, fysyk teäter en poppespul. DIRTZTheatre nûget elkenien út om yn in poëtysk universum fan metamorfoazes te dûken, dêr't op in ûnferwachte en subtile wize elk syn wurklikheid op 'e ferkearde foet set wurdt.

 

Freed 19 maaie

21.30 oere: DIRTZtheatre - ShortStories: Nonna’s don’t cry, Alias, Le troisieme pas

 

Sneon 20 maaie:

14.45 oere: DIRTZtheatre - Nonna’s don’t cry
16.00 oere: DIRTZtheatre – Alias
21.30 oere: DIRTZtheater – Le troisieme pas


Mear ynformaasje oer it Fries Straatfestival is te finen op harren webside, mear ynformaasje oer dizze foarstellings fan DIRTZtheatre fine jo hjir.