Skip to main content

Fryske Rie foar Heraldyk siket nij lid

De Fryske Rie foar Heraldyk bestiet sûnt 1956, it wie earst ûnderdiel fan it Genealogysk Wurkferbân, mar al gau in selsstannich kolleezje. De Rie bestiet út sân leden, ek wol herauten neamd. Elts hat in titel krigen fan in part fan Fryslân. De herauten wurde beneamd. Fanwegen it ferstjerren fan lid/heraut Harke Bremer, begjin fan dit jier, siket de Rie no in opfolger.

De Rie siket immen dy’t:

  • belangstelling hat foar heraldyk
  • - as it heal kin - al basiskennis fan de heraldyk hat
  • sa mooglik tekener wurde wol

Taken fan de leden fan de Rie foar Heraldyk:

  • meitsje fan gemeente- en doarpswapens
  • meitsje fan famyljewapens
  • op breed flak advisearje oan ynstânsjes
  • hifkje fan besteande wapens oft dy wol oan de heraldyske betingsten foldogge
  • oanfoljen fan de database mei noch ûnbekende wapens
  • ûntwerp en advys flaggen foar gemeenten en partikulieren
  • opnimme fan wapens en flaggen yn it Genealogysk Jierboek

De Rie biedt:

  • begelieding, sadat it nije lid mear ûnderfining krijt

Mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer de Ried foar Heraldyk fine jo hjir.

Belangstelling & reaksjes
Wa’t belangstelling hat om lid fan de Rie foar Heraldyk te wurden, kin kontakt opnimme mei de skriuwer-argivaris Klaas J. Bekkema per e-post of mei de gewoane post: Skoallestrjitte 16, 9201 GE Drachten.