Skip to main content

Histoarysk taalkundige leveret bydrage oan útstalling RMO

Histoarysk taalkundige dr. Alex Kerkhof levere in bydrage oan it talige part fan de útstalling ‘Het jaar 1000’ dy’t op dit stuit yn it RMO (RijksMuseum voor Oudheden) te Leien te sjen is. De útstalling giet oer Nederlân yn it midden fan de midsiuwen.

Yn de midsiuwen waarden trije talen sprutsen: Aldfrysk by de kust del, Aldnederlânsk yn it rivieregebiet, Brabân en de Maasstreek en Aldsaksysk oan de Eastkant fan de Isel. Fan it jier 1000 ôf waard it Aldnederlânsk dominant. “De kustbefolking mingde it Aldfrysk mei de Aldnederlânske útdrukkings fan migranten út de rivierestreek dy’t kamen om it fean te ûntginnen”, sa wit Alex Kerkhof. Yn in filmke dat te sjen is it yn it museum, lit Kerkhof hearre hoe’t dy talen doe klonken.

Troch it bestudearjen fan rymwurden yn midsiuwske gedichten is bekend hoe’t it Aldnederlânsk klonken hawwe moat. “Dêrneist kin der sjoen wurde nei histoaryske wetmjittichheden dêr't klanken fan in taal troch de iuwen hinne troch feroare binne; dy kinne ferlike wurde mei sokke ferskynsels yn besibbe talen”, neffens Alex Kerkhof.

Feroarings
It midden fan de midsiuwen wie foar Nederlân in tiid fan yngripende feroarings yn lânskip, befolking, bebouwing, taal en kultuer. Der ûntstie in ‘Nederlân’ dat ek no noch werkbener is, mei diken om oanmakke lân hinne, stinzen nei eltse rivierbocht en tsjerketuorren oan it de hoarizon.

Utstalling
Wa’t benijd is nei it libben en de talen yn it midden fan de midsiuwen, kin noch oant en mei snein 17 maart 2024 terjochte yn it RMO te Leien foar de útstalling ‘Het jaar 1000’.