Skip to main content

Ingelsktalige grammatika Sealterfrysk op Taalportaal

Foto: Kening Aldgillis (Wikimedia CC)

Op de grammatikawebsite taalportaal.org is sûnt woansdei 13 desimber 2023 in Ingelsktalige grammatika fan it Sealterfrysk beskikber.

De acht mânske haadstikken binne skreaun troch de taalkundigen Eric Hoekstra en Bouke Slofstra fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, dy 't tegearre mei Tessa Leppers earder al twa Dútsktalige grammatika Sealterfrysk skreaun hawwe. Meikoarten sille fierdere bydragen taheakke wurde, en dêrby dan ek in beskriuwing fan de útspraak fan it Sealterfrysk troch taalkundige Stephen Laker fan de Japanske Kyushu Universiteit. It auteursteam hat de ôfrûne jierren meardere kearen yn Sealterlân west om mei minsken út it taalgebiet te praten. Dat hat laat ta nije befiningen op it mêd fan de grammatika fan it Sealterfrysk.

Stúdzjes
De wittenskiplik fertsjintwurdiger foar it Sealterfrysk, Henk Wolf fan it Seeltersk-Kontoar fan 'e Oldenburgische Landschaft - earder wurksum by de Fryske Akademy - inisjearre it projekt en lies en bekommentariearre alle haadstikken foar publikaasje. Hy is tige bliid dat de grammatika no beskikber is. Wolf: "De belangstelling foar Sealterfrysk is wrâldwiid folle grutter as dat in soad minsken tinke. Boppedat sammelje in soad taalkundigen dy 't bygelyks tiidwurden bestudearje, ynformaasje út elke taal dy 't se fine kinne. As grammatikale ynformaasje yn it Ingelsk fergees beskikber is op ynternet, sil it Sealterfrysk yn de takomst folle faker yn cross-linguistyske stúdzjes meinaam wurde. ”

Technyske partner
De fjirde projektpartner is njonken de Fryske Akademy, it Seeltersk-Kontoar en de Kyushu University, it Instituut voor de Nederlandse Taal yn Leien, dat ferantwurdlik is foar de technyske wurksumheden oan de website. It Nedersaksyske ministearje fan Wittenskip en Kultuer en it federale ministearje fan Ynlânske Saken makken it wurk finansjeel mooglik. De website taalportaal.org, publisearre yn 2014, is in wichtige boarne fan grammatikale ynformaasje oer de West-Fryske, Nederlânske en Afrikaanske talen. Sawat fjirtich taalkundigen út ferskate lannen hawwe bydroegen oan de beskriuwingen fan dy talen.