Skip to main content

KNAW Early Career Partnership foar Nelleke IJssennagger-van der Pluijm

Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm hat ien fan de tsien KNAW Early Career Partnerships takend krigen. (foto: Jacob van Essen)

Dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder en ûndersiker by de Fryske Akademy, hat ien fan de tsien KNAW Early Career Partnerships (ECP) takend krigen. Mei dit KNAW Early Career Partnership kinne ûndersikers innovative ideeën of metoaden foar ûndersyk ferkenne.  Hja krije hjirfoar in bedrach fan € 10.000 takend, om in ynterdissiplinêre gearkomste te organisearjen.

 

Lagen fan betsjutting

IJssennagger-van der Pluijm is der tige wiis mei, dat se it ECP takend krigen hat: “It jout my in prachtige kâns om de ynterdissiplinêre gearwurking fierder út te bouwen. Yn myn gefal giet dat oer it sintraal stellen fan de kust en it tijgebiet as holistysk ûndersykstema en as lânskip fan lagen fan betsjutting, dy’t net mei-inoar konkurrearje moatte soene. It is in moaie kâns foar gearwurking yn Fryslân – yn it foarste plak mei prof. Theunis Piersma fan BirdEyes, mar ek mei oaren – en ynternasjonaal. Want dit tema ferbynt Fryslân mei de hiele wrâld.”

 

Promovearre ûndersikers

It KNAW Early Career Partnership kin takend wurde oan promovearre ûndersikers dy’t wurksum binne by in universiteit of ûndersyksynstitút Nederlân, ynklusyf it Karibysk diel fan it Keninkryk, en net langer as 7 jier lyn promovearre binne. Per jier krije maksimaal tsien ûndersikers in ECP.

 

Yn 2023 binne KNAW Early Career Partnerships takend oan:

  • Michelle Achterberg, Erasmus Universiteit Rotterdam – An interdisicplinairy perspective on developmental sensitivities in dealing with social rejection
  • Emmanuel Akwasi Adu-Ampong, Wageningen University & Research – Tourism, memory and heritage: making sense of slavery heritage in the Ghana-Suriname-Netherlands Triangle
  • Matthew Dennis, Technische Universiteit Eindhoven – Interdisciplinary approaches to reimagining digital well-being
  • Philippe van Gruisen, Universiteit Leiden – De brede welvaartseffecten van (arbeids)migratie
  • Nelleke IJssennagger - van der Pluijm, Fryske Akademy – Coastal wilderness and cultural landscape? Repositioning coastal and tidal areas as a cross-disciplinary research topic
  • Anahita Jamshidnejad, Technische Universiteit Delft – How can systems and control theory contribute to creating social and cognitive systems?
  • Alena Kamenshchikova, Maastricht University – Periphery at the centre: Towards new transdisciplinary approaches of cross-border infectious mobility
  • Marieke Klein, Radboud Universiteit – Mind your body!
  • Stefan Lipman, Erasmus Universiteit Rotterdam – Health's impact on well-being: the philosophy and economics of estimating welfare-relevant preferences in healthcare
  • Marie Petersmann, Universiteit van Tilburg – Law and more-than-human societies

Lês ek it parseberjocht op de website fan de KNAW,