Skip to main content

Laboratoriumsosjolinguistyk as tema op Taal en Tongval 2023

Op freed 24 novimber 2023 fynt yn de Koninklijke Academie voor Nederlandse Taal- en Letterkunde (KANTL) yn Gent it jierlikse Taal-en-Tongval-sympoasium plak. It tema is Laboratoriumsosjolinguistyk en giet op syk nei antwurden op teoretyske en metodologyske útdagings yn it ûndersyk nei taalfariaasje en taalferoaring.

Hielke Vriesendorp, dy't as ûndersiker ferbûn is oan de Fryske Akademy en oan de Universiteit fan Utert, sil in presintaasje hâlde mei de titel 'Sociolinguistic processing in hybrid exemplar theory: do we use lexical or sublexical representations?'. Remco Knooihuizen (Ryksuniversiteit Grins) en Evelyn Bosma (Fryske Akademy, no Universiteit Leiden) fertelle oer harren ûndersyk nei 'Het effect van standaardtaalideologie en geletterdheid op morfosyntactische variatie in het gesproken Fries'. 

De haadsprekkers fan Taal en Tongval 2023 binne Chris Montgomery (University of Sheffield), Thomas St. Pierre (Universiteit Utrecht) en Ellen Simon (Universiteit Gent). De organisaasje is in hannen fan ûndersikers fan de Fryske Akademy (Anne-France Pinget, Hans Van de Velde, Hielke Vriesendorp, Cesko Voeten), de Universiteit Gent, KU Leuven, Vrije Universiteit Brussel en Universiteit Utrecht.

Alle ynformaasje, it programma en de gearfettingen kinne jo neilêze op de website fan Taal en Tongval 2023.