Skip to main content

Marije Buma wint Lyts Frysk Diktee 2023

F.l.n.r.: Evie Dijsselhof, Renze Stiemsma, Tialda Hoogeveen, Marije Buma (Foto: Hindrik Sijens)

Marije Buma fan de Master Frankeskoalle út Earnewâld kin it bêste Frysk skriuwe fan alle basisskoallebern yn Fryslân. Mei 5 flaters waard se justerjûn de winner fan it Lyts Frysk Diktee yn it Provinsjehûs yn Ljouwert. Twadde waard Renze Stiemsma, learling fan De Griffel út Ljussens, mei 7 flaters. It tredde plak wie foar Evie Dijsselhof fan de St. Gregoriusskoalle út Blauhús. Hja hie 11 flaters.

Der dienen yn totaal 50 learlingen fan 30 skoallen mei oan de finale fan it Lyts Frysk Diktee. Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen skreau de dikteetekst en lies it diktee ek foar. Tialda Hoogeveen is as skriuwer bekend fan boeken as Abe en de Aardichman, Maia en har freonen en Wurden fan Timo.

De organisaasje fan it diktee wie yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân.

 

Grut Frysk Diktee

Op tiisdei 23 maaie wurdt it Grut Frysk Diktee holden. Minsken dy’t dêr oan meidwaan wolle, kinne harren oant 30 april kwalifisearje. Dat kin fia de website fan it Grut Frysk Diktee.