Skip to main content

Mercator-konferinsje 'Minderheidstalen yn 'e stêd' yn Ljouwert

It Mercator European Research Centre on Multilingualism and Language Learning (Fryske Akademy), it Endangered Languages Archive (Berlin-Brandenburgische Akademie der Wissenschaften, Berlijn, DE) en it Interdisciplinary Centre for Social and Language Documentation - CIDLeS (Minde, PT) nûgje ûndersikers, wittenskippers en leden fan maatskiplike organisaasjes fan herte út om diel te nimmen oan de ynternasjonale konferinsje oer minderheidstalen yn de stêd.

De konferinsje fynt plak op 16 en 17 maart 2023. De konferinsje wurdt hâlden yn it Oranje Hotel yn Ljouwert, yn it histoaryske hert fan de stêd.

Mear ynformaasje fine jo op https://www.mercator-research.eu/city/ 

 

Oprop foar papers & posters

Foar dizze konferinsje nûgje de partners jo út om ûndersyksgearfettingen (papers of posters) yn te stjoeren oer (mar net beheind ta) de folgjende aspekten fan minderheidstalen yn stedske konteksten:

- de fitaliteit fan minderheidstaalmienskippen
- de bedriging fan minderheidstalen
- hâldingen en ideologyen oangeande minderheidstalen en harren brûkers
- de oerdracht fan minderheidstalen fan generaasje op generaasje
- de oerdracht fan minderheidstalen fia ûnderwiisynstellings
- alternative regelingen en programma's om de oerdracht fan minderheidstalen te befoarderjen
- gemeentlike taalplanning om minderheidstalen te behâlden en/ of nij libben yn te blazen
- de rol fan mienskipsorganisaasjes
- it belang fan rieplachtsjen fan de mienskip by ûndersyk nei taalminderheden
- de útdagingen fan stedsk fjildwurk

De organisaasje ferwolkomt papers en posters dy 't (allinnich) oer stêden geane of lanlike kondysjes fergelykje. 

Gearfettings meie net langer wêze as 300 wurden (eksklusyf referinsjes). Gearfettings moatte yntsjinne wurde fia dit GOOGLE FORMULIER. As jo foar 16 desimber 2022 yntsjinje, krije jo uterlik 6 jannewaris 2023 berjocht; as jo tusken 16 desimber 2022 en 20 jannewaris 2023 yntsjinje, krije jo uterlik 4 febrewaris 2023 berjocht.

Mear ynformaasje: https://www.mercator-research.eu/city/