Skip to main content

Nij Mercator Dossier oer Baskyske taal yn it ûnderwiis yn Frankryk

De Regionale Dossiers fan ús Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen krije no in frisse foarmjouwing, meartalige gearfettings en yndividuele websiden. It earste dossier dat yn de nije foarmjouwing publisearre wurdt, is 'The Basque language in education in France (3rd edition)' skreaun troch Beñat Lascano. Lascano, PhD, is learaar Baskysk yn it fuortset ûnderwiis yn Iparralde (Frânsk-Baskelân) en promovearre yn Baskyske stúdzjes. Syn ûndersyk rjochtet him op ymmersyf twatalich ûnderwiis en taallearen yn Baskelân.

 

Regionale Dossiers

Mei de Regionale Dossiers leit it Mercator Kennissintrum de fokus op it ûnderwiissysteem yn Europeeske regio's mei in autochtoane minderheidstaal en hoe't dizze minderheidstaal in plak krijt binnen dat systeem. De Regionale Dossiers binne skreaun neffens in fêste struktuer, sadat se brûkber binne foar fergelykjend ûndersyk.

De dossiers jouwe bygelyks ynformaasje oer it oantal twatalige skoallen, it persintaazje learlingen dat de minderheidstaal leart, it belied op it mêd fan it ûnderwiis fan de minderheidstaal en de struktuer fan it ûnderwiissysteem yn de regio.

Wolle jo mear ynformaasje oer de Regionale Dossiers? Sjoch dan op de Mercator-website of nim kontakt op mei de redakteuren.