Skip to main content

Oanfolling Skoalmasters yn Fryslân

Ut de skriften fan Hartman Sannes.

Noch net earder publisearre ynformaasje oer de skoalmasters fan de stêden Boalsert, Dokkum, Drylts, Snits en Starum is no online beskikber.

Hartman Sannes
De ynformaasje oer de skoalmasters yn Fryslân is sammele troch ûnderwizer, histoarikus en skriuwer Hartman Sannes (1890-1956). Yn 2008 ferskynden op de webside fan de Fryske Akademy de gegevens oer de haden fan ‘e skoallen yn Fryslân tusken sirka 1600 en 1950. It materiaal dat no tafoege is, is ynfierd troch Hessel Dantuma fan Aldetrine. It wie noch net earder publisearre. 

Skoalmasterprojekt
It doel fan it Skoalmasterprojekt is om it materiaal op deselde wize wer te jaan as dat Sannes dat sels dien hat yn 'e regionale kranten. Ek no wurdt it korpus Sannes sûnder korreksjes of oanfollings útjûn. Undersyksmeiwurker/ynformaasjespesjalist Peter van der Meer seit: "Op dizze wize bliuwe alle troch Sannes sammele gegevens ek yn harren eigen kontekst".

Der is besocht om safolle mooglik de oarspronklike teksten fan Sannes oan te hâlden; útsoarte hat der al in staveringsoanpassing plakfûn en is de tekst op guon plakken wat oanpast. Allinne yn dy gefallen dat Sannes in dúdlike flater makke hat, is dy (stilswijend) ferbettere.

Reaksjes
Foar eventuele reaksjes, opmerkings, ferbetterings en oanfollings kin kontakt opnommen wurde mei Peter van der Meer