Skip to main content

Podcastrige Het Dialectenbureau

De opnames foar de podcast. Liuwe Westra (l) yn petear. Foto: Mettje de Vries

Yn de 9-dielige podcastrige Het Dialectenbureau makket professor Marc van Oostendorp in fleurige reis troch Nederlân. Mei bekende ambassadeurs út hiel Nederlân set er it dialekt op in fuotstik. Want ‘dialekten driigje te ferdwinen’, of dochs net? Yn ôflevering 1 giet it oer ferset. Us ûndersiker Liuwe Westra levere in bydrage oangeande it Frysk.

Steat fan it dialekt

Yn Het Dialectenbureau docht professor Marc van Oostendorp ûndersyk nei de funksje, it moaie en de hjoeddeistige steat fan it dialekt yn Nederlân. As taalkundige en dialektolooch is Marc in absolute autoriteit op it mêd fan dialekt. Mar hy docht syn ûndersyk net allinne.

Yn 9 ôfleverings moetet er tal fan dialektsprekkers út it hiele lân, dy't in lâns brekker foar hàrren dialekt. Fan Jack Poels (Limboarchsk) oant Katinka Polderman (Siuwsk) en fan SMIB (Strjittetaal) oant TikTok Tammo (Grinslâns); hiel Nederlân komt oan bod. De harker fan Het Dialectenbureau krijt antwurd op de fraach wêrom't it dialekt noch altiten sa djip yn ús siel ferankere is en wat dat te krijen hat mei nostalgy, tradysje, ferset, striid, grutskens en ferbining.

Het Dialectenbureau ôflevering 1: ferset

It tema fan de earste ôflevering is ferset. Fan de Friezen dy't fjochtsje foar in eigen taal en de jongerein yn de Bijlmer dy't harren mei strjittetaal ôfset. Fan Bennie Jolink dy't it wurd 'boerenlul' omearme hat as geuzenamme oant de kleau tusken stêd en plattelân al yn 1981 konstatearre. Mar wa't goed harket, sjocht fral de oerienkomsten tusken dizze dialektpraters. Beharkje hjir ôflevering 1.

Dialektsprekkers

De dialeksprekkers yn de earste ôflevering binne: sjonger fan streektaalrockband Normaal: Bennie Jolink (Nedersaksysk), kolumnist fan NRC en skriuwer fan it strjittetaalwurdboek Smibanese: Professort Soortkill (Strjittetaal), én ûndersiker oan de Fryske Akademy: Liuwe Westra (Frysk).