Skip to main content

Promoasje-ûndersyk Nika Stefan: 'Ynfloed Nederlânsk op Frysk fariearret'

Promovendus Nika Stefan. foto: Hindrik Sijens

'Ynfloed Nederlânsk op Frysk fariearret'

De Fryske sprektaal hat in soad ferskaat, net allinne wat de Fryske dialekten, mar ek wat ynfloed fan it Nederlânsk oanbelanget. De resultaten út ûndersyk fan taalkundige Nika Stefan (Wrocław, Poalen, 1985) befêstigje it tige algemien foarkommen fan lienwurden en lienkonstruksjes yn it sprutsen Frysk en it ferskil mei de Fryske standert, mar litte ek sjen dat taalkontakt in kompleks proses is dêr’t meardere faktoaren by behelle binne. Moandei 24 oktober promovearret Nika Stefan oan de Universiteit van Amsterdam - neffens goed Frysk gebrûk yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer - op har proefskrift mei de titel: Spoken Frisian: Language contact, variation and change.

It proefskrift fan Stefan jout ynsjoch yn it brûken fan en de fariaasje yn it sprutsen West-Frysk tsjin de eftergrûn fan de Fryske standerttaal en it taalkontakt mei it Nederlânsk. It Frysk is in minderheidstaal dy’t sprutsen wurdt yn de Nederlânske provinsje Fryslân. It is yn haadsaak in sprektaal dy’t skaaimerke wurdt troch in rom ferskaat oan dialektfariaasje. Alle Friezen binne twatalich en harren taalbehearsking is faak heger yn it Nederlânsk as yn it Frysk. Fan it sprutsen Frysk is bekend dat it beynfloede wurdt troch it Nederlânsk, mar der is net in soad bekend oer de feitlike taalfariaasje fan it Frysk sa’t dat yn it deistich libben brûkt wurdt.

It ûndersyk is útfierd yn it ramt fan in grutter ûndersyk yn Fryslân – in sosjologysk taalûndersyk – dêr’t dit promoasjeprojekt diel fan útmakket. Foar beide projekten is in online fragelist ûntwikkele dy’t ynfolle is troch 3.700 dielnimmers, fariearjend yn âldens (≥18 jier) en wenjend yn ferskate dielen fan Fryslân. Likernôch 250 fan de 3.000 Frysktalige dielnimmers dy’t it taaldiel fan de fragelist ynfollen, waarden útnûge foar in djipte-ynterview.

De resultaten befêstigje it algemien foarkommen fan lienwurden en lienkonstruksjes yn it sprutsen Frysk en it ferskil mei de Fryske standert, mar litte ek sjen dat taalkontakt in kompleks proses is dêr’t meardere faktoaren in rol yn spylje. Net allinne kin de lienberens fan Nederlânske wurden en konstruksjes sterk útienrinne, ek de populariteit en akseptaasje dêrfan ûnder de sprekkers fariearret sterk. Mei taalkennis en –bewustwêzen dy’t algemiene oannames feitlik oertreffe, docht bliken dat de sprekkers fan it Frysk bewust kieze om harren taalgebrûk oan te passen oan ferskate petearpartners en situaasjes.

Monika Helena (Nika) Stefan (1985, Wrocław, Poalen) studearre Nederlânske taal en kultuer oan de Universiteit fan Wrocław (Master Nederlânske taal en kultuer) en ferfolge har stúdzje oan de Rijksuniversiteit Groningen mei de Bachelor Fryske taal en kultuer. Se fierde har promoasjeûndersyk, dat finansiere waard troch de Campus Fryslân, út oan de Fryske Akademy te Ljouwert en de Universiteit van Amsterdam. Se wurket op dit stuit as taalkundich ûndersiker oan de Fryske Akademy.

Promoasjedetails
Spoken Frisian: Language contact, variation and change. Promotor is prof. dr. A.P. Versloot (Universiteit van Amsterdam). Ko-promotor is dr. E.L. Klinkenberg (Fryske Akademy).

Tiid en lokaasje
De promoasje fynt plak op moandei 24 oktober om 14.00 oere. Lokaasje: Martinitsjerke, Breedeplaats 2, Frjentsjer.