Skip to main content

Rapport: De toekomst van de frisistiek

As it wittenskiplik ûnderwiis en ûndersyk nei de Fryske taal en kultuer (de frisistyk) in takomst hawwe dan moat it ryk duorsum ynvestearje yn op syn minst ien selsstannige bacheloroplieding mei de stêf dy't dêrfoar nedich is, mei dêrûnder in foltiids heechlearaar Frysk. Dizze wittenskippers moatte tiid hawwe om ûnderwiis te jaan en ûndersyk te dwaan. Dêrneist moat in Ried foar de Frisistyk tafersjoch hâlde op fuortsterkjen fan it oparbeidzjen op it mêd fan ûnderwiis en ûndersyk. Dat binne de wichtichste oanbefellings út it rapport De toekomst fan de frisistiek fan de KNAW. 

Marit Bijlsma, koördinator ûndersyksfinansiering en strategyske gearwurking en op dit stuit ek waarnimmend direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy, reagearret: "Wy binne der tige wiis mei, dat der in kommisje gear west hat oer de takomst fan de frisistyk. Dermei wurdt sjen litten, dat it regear de Fryske taal en kultuer serieus nimt en begrypt dat der in dúdlike ynspanningsplichting leit fan it Ryk om de frisistyk te fersterkjen". 

Gjin reservaat 
De nije bachelor moat duorsum finansierd wurde troch it ryk en gjin 'reservaat' wurde: it moat ek foar studinten fan oare opliedingen mooglik wêze om fakken binnen de bachelor te folgjen. It ûnderwiis kin dêr't it mooglik is ferrike wurde út de Fryske Akademy wei, fan de bysûndere learstuollen út oan de Universiteit Utrecht en de Universiteit van Amsterdam, en fia gearwurking mei hegeskoalle NHL Stenden. It Frysk moat ek in plak krije yn oanslutende masterprogramma's. 

Ried foar de Frisistyk
It oparbeidzjen tusken de universiteiten, Fryske Akademy en NHL Stenden op it mêd fan it frisistysk ûnderwiis en ûndersyk kin better. De kommisje pleitet dan ek foar in net-frijbliuwend oerlisorgaan, in Ried foar de Frisistyk, wêryn't (foarearst) frisisten fan de Rijksuniversiteit Groningen, de Fryske Akademy, NHL Stenden en de leerstoelhâlders oan de Universiteit van Amsterdam en Universiteit Utrecht fertsjintwurdige binne. De KNAW hat ek noed oangeande it fûnemintele ûndersyk, dat oan de universiteiten hast ferwûn is en by de Fryske Akademy ûnder druk stiet. De kommisje pleitet der foar dat finansiers fan de Fryske Akademy yn alle gefallen soargje foar stabiliteit en sa mooglik fersterking.

Oer it rapport
It rapport is makke troch in kommisje fan KNAW ûnder lieding fan filosoof en wittenskipshistoarikus Keimpe Algra (Universiteit Utrecht). It is in ferfolch op in earder KNAW-advys Nederlands verdient meer (KNAW, 2019) oer de posysje fan de nearlandistyk.

Gearkomste
Op tiisdei 23 jannewaris (15.30 oere, Steateseal, Provinsjehûs, Ljouwert) sille de belutsenen meiinoar yn diskusje oer de oanbefellings út it rapport. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy, komt dan ek oan it wurd. De gearkomste is foar elkenien tagonklik. Oanmelde is wol needsaaklik.