Skip to main content

Twa nije herauten Fryske Rie foar Heraldyk

De Fryske Rie foar Heraldyk mei lofts foaroan de nije heraut André Looijenga en rjochts foaroan Dirk Jan Muntendam.

Klassikus André Looijenga (Tersoal, 1982) en histoarikus Dirk Jan Muntendam (It Hearrenfean, 1985) binne op freedtemiddei 10 novimber beneamd as nije heraut by de Fryske Rie foar Heraldyk fan de Fryske Akademy. Dit barde by in spesjale seremoanje yn seal Gryn op de Fryske Akademy.

De twa nije herauten binne beklaaid mei in tabbert, krigen in herautsstêf en in medaljon mei it wapen fan it diel fan de Fryske lannen dat harren titel ynhâldt.

De Fryske Rie foar Heraldyk is in kommisje dy't rie jout. Dy rie leit op it mêd fan wapens fan de provinsje, de gemeenten, de wetterskippen, de wapens fan steden, flekken en doarpen en de besteande famyljewapens.  Boppedat ûntwerpt de Rie wapens, flaggen en wimpels foar û.o. doarpen, famyljes en korporaasjes, lykas skoallen, ferienings ensfh.

Fierders is de Rie warber op it mêd fan it flagge-protokol, it advisearjen by restauraasjes (heraldyske ôfbyldings), it jaan fan lêzings en heraldyklessen. Dêrneist fersoargje guon leden publikaasjes oer ferskate heraldyske ûnderwerpen. Ien en oar moat te krijen hawwe mei de Fryske lannen.

Aldste kolleezje
De Fryske Rie foar Heraldyk is oprjochte yn 1956 en is it âldste provinsjaal heraldysk kolleezje yn Nederlân en bestiet út spesjalisten, dy't op grûn fan harren saakkundigens ta lid fan de Rie beneamd binne.