Skip to main content

Undersyksaginda 2023-2027 fêststeld

KNAW-presidint prof. Marileen Dogterom krige de 'Onderzoeksaginda 2023-2027' taskikt út hannen fan direkteur-bestjoerder dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm. Flnr: programmakoördinator dr. Simon Halink, prof. Marileen Dogterom, dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm, Selma Hinderdael (bestjoers- en direksjesekretaris KNAW) en Marit Bijlsma MA (koördinator ûndersyksfinansiering en strategyske gearwurking. (Foto: Marieke Balk)

De Undersyksaginda 2023-2027 is fêststeld. Programmakoördinatoaren dr. Jelske Dijkstra en dr. Simon Halink hawwe yn 'e mande mei de Akademy-mienskip de Undersyksaginda stal jûn.

Oant en mei 2027 foarmje trije (oerlaapjende) kennisgebieten de basis fan it ûndersyk dat op de Fryske Akademy dien wurdt: Skiednis en erfgoed, De minske en syn omjouwing en Taal en meartaligens. 

Tema's
Yn de trije kennisgebieten binne sân kearnspesifike en ynterdissiplinêre ûndersykstema's werom te finen. De tema's reitsje sterk oan inoar en foar in part oerlaapje se inoar ek. De tema's binne: 

  • Rjocht en frijheid yn de Fryske lannen
  • Erfgoed yn de Fryske lannen
  • De dynamyske relaasje mei it lân en it wetter troch de iuwen hinne
  • Kultuer en identiteit
  • De meartalige mienskip
  • Taalfariaasje en -feroaring
  • Taaldeskripsje en standerdisearring

Mear lêze:
Undersyksaginda Fryske Akademy 2023-2027
Undersyksaginda 2023-2027 (as pdf)