Skip to main content

Sijens, drs. H. (Hindrik)

leksikograaf

Spesjalismen

leksikografy; e-leksikografy; neologismen; databanken; stavering

 

Projekten

Nederlânsk-Frysk Wurdboek (projektmeiwurker)

 

Biografy

Hindrik Sijens (Twizel 1960) studearre Fryske taal- en letterkunde oan de Ljouwerter hegeskoalle NHL en de Universiteit van Amsterdam. Syn UvA-doktoraalskripsje wie in ûndersyk nei neologismen yn it Frysk (2004).

Hy wurket sûnt 1985 by de Fryske Akademy en wie û.o. redakteur fan it Wurdboek fan de Fryske Taal en it Frysk Hânwurdboek. Dêrneist publisearre er artikels oer bakkersfaktaal, neologismen yn it Frysk, Ingelske lienwurden yn it Frysk en oer Tony Feitsma en de stavering fan it Frysk. De ôfrûne jierren wie er ferbûn oan it projekt Taalweb Frysk, dat mei û.o. it Wurdboekportaal, de staveringshifker en de Foarkarswurdlist foar it Frysk digitale taalhelpmiddels foar it Frysk biedt. De kommende jierren wurket er oan it projekt Nederlânsk-Frysk wurdboek, in nij elektroanyske oersetwurdboek.

Sijens is belutsen yn it European Network of e-Lexicography, lid fan de wurkgroepen 1 (Integrated interface to european dictionary content) en 3 (innovative e-dictionaries).

 

Publikaasjes (seleksje)

Sijens, H. (2015). Tony Feitsma en de stavering fan it Frysk: om in iepen wittenskiplike diskusje en brede politike beslútfoarming. In A.T. Popkema, L. Folkertsma, R. Veenbaas & A. Riemersma (Eds.), Wittenskip en Beweging, Skôgings oer wurk en stribjen fan prof. dr. Feitsma. Ljouwert: Wijdemeer, 77-96.

Buwalda, H., Buwalda, S., van der Burg, A., & Sijens, H. (2015). Woordeboek fan 't Bildts. St.-Anne: HDU.

Sijens, H. & Dykstra, A. (2013). Language Web for Frisian. Yn I. Kosem, J. Kallas, P. Gantar, S. Krek, S., M. Langemets, M. Tuulik (Eds.), Electronic lexicography in the 21st century: thinking outside the paper. Proceedings of the eLex 2013 conference. (pp. 93-105).  Ljubljana/Tallinn:  Trojina, Institute for Applied Slovene Studies/Eesti Keele Instituut.

Sijens, H., Depuydt, K. (2010). Wurdboek fan de Fryske taal/Dictionary of the Frisian Language online: new possibilities, new opportunities. Yn A. Dykstra, T. Schoonheim (Eds.), Proceedings of the XIV Euralex International Congress. (pp. 726-732). Ljouwert: Fryske Akademy/Afûk.

Duijff, P., van der Kuip, F. J., de Haan, R. & Sijens, H. (2008). Frysk Hânwurdboek. Ljouwert: Fryske Akademy/Afuk.

Sijens, H. (2008). How Information and Communication Technology (ICT) can Help Language Preservation and Education. Yn de Graaf, T., Ostler, N. & Salverda, R. (eds.). Endangered Languages and Language Learning. Proceedings of the Conference FEL XII. (p. 135-138.) Ljouwert/Leeuwarden: Fryske Akademy/Afûk.

Sijens, H. (2007), 'In Fryske detektive-roman, kin det, mei det, moat det?' - Over de rol van het Nederlands bij het lenen van Engelse woorden in het Fries. Neerlandica Extra Muros, 45(1), 33-48.

Sijens, H. (2004). Neologismen yn it Frysk - 'Wat wy net hawwe dat liene wy'. It Beaken, 66(3-4), 256-298.

 

Yn 'e media

Grut Frysk Diktee. Telefyzjeútstjoering 20-5-2015. Foarsitter fan 'e sjuery. http://www.omropfryslan.nl/fryskdiktee

Duijff, P., Dykstra, A., van der Kuip, F., Sijens, H. (2015). A standardized wordlist and new spellchecker of Frisian. Yn Kernerman Dictionary News. Volume 23. (pp. 19-20).

Betten, E. (2015). Taalweb Frysk moet aanmoedigen tot Fries schrijven. Friesch Dagblad [Leeuwarden], 2 February 2015, p. 24.

Radioprogramma ‘De kennis van nu’, oer Taalweb en de Wurdlist. 18-12-2014. http://www.npo.nl/de-kennis-van-nu/18-12-2014/RBX_NTR_697238

Sijens, H. (2014). Lêzbere foroaringen. Friesch Dagblad [Leeuwarden], 29 March 2014.

CLARIN - Fries Woordenboek. Optreden yn film oer Wurdboek fan de Fryske taal as ûnderdiel fan de Geïntegreerde Taalbank. (2012). https://www.youtube.com/watch?v=aSWKJucbWY8