Skip to main content

Telefoan
058-233 69 15

Mail
jspoelstra@fryske-akademy.nl

Persoanlike website
www.jannekespoelstra.nl

Spoelstra, J. (Janneke) MA

ûndersyksassistint

Telefoan
058-233 69 15

Mail
jspoelstra@fryske-akademy.nl

Persoanlike website
www.jannekespoelstra.nl

Spesjalismen

letterkunde

 

Projekten

Philologia Frisica anno 2014 (redakteur)
Amelanner wurdboek (projektmeiwurker)
Redaksje Literêre Rigen (skriuwer)
De Vrije Fries (redaksje-assistint)

 

Biografy

Janneke Spoelstra (Hijum 1962) is sûnt 2001 yn tsjinst by de Fryske Akademy, earst as korrektor fan it Wurdboek fan de Fryske taal (oant 2011), dêrnei as ûndersyksassistint behelle by oare (leksikografyske) projekten. Se wie ko-auteur fan it rapport ‘Meerwaarde gebruik Stadsfries en Fries in en door de gemeente Leeuwarden’ (2012) en skriuwer fan 'e kongreskommisje fan it 19de en 20ste Frysk Filologekongres (2012 en 2014).

 

Se is skriuwer fan ’e Redaksje Literêre Rigen. Bûten de FA is se redakteur fan it Frysk literêr tydskrift Ensafh en warber as dichter, skriuwer en oersetter.

Janneke Spoelstra die in masterstúdzje Fryske taal en kultuer, spesjalisaasje Literêre kultuer (Ryksuniversiteit Grins 2012). Har skripsje gie oer it proaza fan Simke Kloosterman en de resepsje dêrfan besjoen út gender- en queerteoretysk perspektyf. 

 

Publikaasjes (seleksje)

Spoelstra, J. (2012). Simke Kloosterman, in problematyske heldinne? Har skriuwen, proaza en de resepsje fan har proaza besjoen út gender- en queerteoretysk perspektyf (masterskripsje, Rijksuniversiteit Groningen, 2012).