Skip to main content

Nijsberjochten

maa

14

14 maaie 2018 – De online histoaryske wurkboeken fan it INT binne okkerdeis yn in nij jaske setten – en dêrmei ek it Wurdboek fan de Fryske Taal.

Mear lêze

maa

10

10 maaie 2018 – De Fryske Akademy organisearret fan 25 maaie ôf in foarlêsmaraton fan it Frysk Hânwurdboek, dat keppele is oan in goed doel.

Mear lêze

maa

08

9 maaie 2018 - Yn it Wommelser Tsiispakhús is hjoed "Van melkrijder tot fabrieksdirecteur" presintearre, in groepsportret fan 'e Fryske suvel.

Mear lêze

maa

08

8 maaie 2018 - Betiid twatalich wêze yn Frysk-Nederlânsk is gjin garânsje foar it suksesfol learen fan it Ingelsk as tredde taal.

Mear lêze

apr

23

23 april 2018 ‒ Yn in sangbondel printe yn Amsterdam yn 1643 fûn prof. Arjen Versloot in skabreus leafdesliet, yn in taal dy’t Frysk eaget.

Mear lêze

 

Sjoch mear nijsberjochten

Eveneminten

maa

17

Lêzing fan Frits van der Kuip en Willem Visser yn it ramt fan de Akademy Seminars-rige. Plak: Erfgoedkeamer, Fryske Akademy. Tiid: 15.30 oere.

Mear lêze

maa

25

Iepening fan it simmerseizoen yn de Akademytún en foarlêsmaraton fan it Frysk Hânwurdboek. Freedtemiddei 25 maaie fan 15.00 oere ôf.

Mear lêze

maa

26

Jiersympoasium WMS oer de skiednis fan it seefeartûnderwiis, op sneon 26 maaie yn de Maritieme Academie Harlingen.

Mear lêze

jun

08

De sin en ûnsin fan taal- en dialektpromoasje stiet sintraal op 'e 13de streektaalkonferinsje fan 'e SND yn Ljouwert.

Mear lêze

jun

21

It Groot Dictee der Nederlandse Taal ferdwynt, mar yn Fryslân meitsje wy op 21 juny mei safolle mooglik minsken yn 'e iepenloft it Grut Frysk Diktee.

Mear lêze

Sjoch mear eveneminten

Wat wy dogge

De Fryske Akademy rjochtet him op it wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, meartaligens en regionale skiednis. Wy jouwe boeken en taalhelpmiddels út en organisearje sympoasia, lêzingen en kongressen.

De Fryske Akademy is oprjochte yn 1938 en sûnt 1990 oan 'e KNAW liearre.

Projekten

aug

10

Wy dogge ûndersyk nei ekonomysk belied yn de krimpregio Noardeast-Fryslân en bringe jierrapporten oer ekonomyske trends út.

Mear lêze

jul

07

Taalportaal is in Ingelsktalich digitaal neislachwurk dêr't alle grammatikale kennis fan it Nederlânsk, Frysk en Afrikaansk byinoar brocht is.

Mear lêze

Utjeften

aug

10

De skiedskriuwing fan de Boalserter Suvelskoalle (1880-1995) kin fia ûndersteande link besteld wurde foar € 25,00, ynkl. ferstjoerkosten.

Mear lêze

aug

10

Mei de listen fan bewapene mannen yn Fryslân (1552) en op it Amelân (1558). No te keap by útjouwerij Verloren en yn 'e boekhannel.

Mear lêze

Us aktiviteiten yn Kulturele Haadstêd 2018

Wat bringt de Fryske Akademy foar ynwenners en besikers, foar ûndersikers en kultuerleafhawwers yn it Kulturele Haadstêdjier 2018?

Lês mear oer ús aktiviteiten yn it ramt fan LF2018

Leden fan 'e Fryske Akademy

As wittenskiplik ynstitút hat de Fryske Akademy al sûnt syn oprjochting leden. Akademyleden binne persoanen fan rûnom op 'e wrâld dy't dy ûnderskieding wurdich binne op grûn fan fertsjinsten op it mêd fan de Fryske wittenskip, foar de Fryske kultuer, of fanwegen in grutte niget oan de wittenskip of foar de Fryske kultuer yn it algemien. Stipers en leden fan 'e Akademy kinne it hiele jier troch lju foar beneaming ta lid fan 'e Fryske Akademy foardrage.

Lês mear oer leden en lidmaatskip

Stiper wurde?

De Fryske Akademy hat in grutte ploech stipers, dy’t it wurk fan de Fryske Akademy in waarm hert ta drage. Allegearre minsken dy’t niget hawwe oan de Fryske taal, kultuer en wittenskip. En dy’t fia wurkgroepen en stúdzjerûnten ek sels in bydrage leverje kinne oan it wurk fan de Fryske Akademy.

Op 'e hichte en belutsen
As stiper fan de Fryske Akademy bliuwe jo goed op ‘e hichte en wurde jo nûge foar ferskate aktiviteiten: lêzingen, sympoasia en fansels de jierlikse Akademydei yn septimber.

Sa krije stipers krije twa kear it jier it stipersblêd Ut de Smidte thús stjoerd. As stiper hawwe jo de mooglikheid fergees diel te nimmen oan de aktiviteiten fan wurkgroepen en stúdzjerûnten fan de Fryske Akademy. Stipers kinne gauris fergees of mei koarting dielnimme oan kongressen en sympoasia. 

De Fryske Akademy hat in ANBI-status. Dêrtroch kinne jo as stiper jeften fan ’e ynkomste- of fennoatskipsbelesting ôflûke (neffens de besteande wetlike regelingen).

Lês mear oer it stiperskip

 

Subsidiïnten