Skip to main content

Akademylêzingen 2020-2021
Foar it 63ste winterskoft fan de Akademylêzingen, is in programma gearstald, lykas foargeande jierren. Fanwegen de noch altiten jildende koroanamaatregels is opjaan op dit stuit lykwols noch net mooglik. Wy hawwe de hope dat de lêzingen holden wurden kinne op tiisdei 19 jannewaris 2021, freed 12 maart 2021 en op in noch neier te bepalen datum yn de maitiid fan 2021. Sadree't opjefte hjirfoar mooglik is, sil dat op ús website oanjûn wurde.

 

Organisaasje
Wurkgroep Akademylêzingen

 

Opset en lokaasjes

De Akademylêzingen fine trije kear yn it winterskoft tagelyk plak yn Ljouwert en op 'e Jouwer.

Lêzing 1, moarns 10.00-12.00 oere (45 min lêzing, kofjeskoft, 45 min fragen/diskusje)
Lêzing 2, middeis 13.30-15.30 oere (45 min lêzing, teeskoft, 45 min fragen/diskusje)

 

Groep I, Ljouwert
Grand Café Restaurant De Koperen Tuin, Prinsetún 1, 8911 DE Ljouwert, tel. (058) 213 11 00

Groep II, De Jouwer
Party- en Sealesintrum It Haske, Vegelinswei 20, 8501 BA De Jouwer, tel. (0513) 41 52 81

 

Programma

Jo kinne it folsleine programma fan de 62ste rige (winterskoft 2019-2020) hjir iepenje: klik hjir (pdf). De lêzingedei fan tiisdei 17 maart 2020 moat noch holden wurde. Dat wie ynearsten plend foar tiisdei 6 oktober 2020, mar it sil no nei alle gedachten yn de maitiid fan 2021 wurde, as it kin om de koroanamaatregels. Sadree't der in nije datum bekend is, sil dat hjir melden wurde.

Gearfetting lêzingen:

17 jannewaris 2020:
Jonathan Bos - Gescheiden en verbonden door bezit (Friesland tussen 1350 - 1600)

19 novimber 2019:
Mr. dr. Wiene van Hattum - Levenslange gevangenisstraf’ : wat betekent dat eigenlijk?
Jan de Vries - Verzwegen Zeeheld – Jacob Benckes (1637-1677) en zijn wereld

 

Kosten en opjefte

De kosten foar de hiele rige bedrage € 30,--.

 

Opjefte by foarkar fia ynternet

Opjaan en beteljen fia ynternet hat ús foarkar. Dat kin hjir.

Opjaan kin oant 18 oktober 2019. As it beteljen slagge is krije jo in befêstigingsmail. Fia e-mail krije jo nei 1 novimber 2019 de tagongskaart en it programma tastjoerd.

 

Telefoanyske opjefte 

Kinne jo net betelje fia ynternetbankieren dan kinne jo jo oant 18 oktober 2019 telefoanysk opjaan: 058 2131414. De tagongskaart en it programma wurde tastjoerd as de betelling definityf is (nei 1 novimber 2019). Dat bedrach graach gelyk oermeitsje op rekkennûmer NL30 RABO 0130 5496 81 op namme fan de Fryske Akademy te Ljouwert, mei fermelding fan namme, adres, wenplak, akademylêzings en lokaasje.

 

 

Sosjolooch Evelien Tonkens joech in lêzing yn ús jubileumprogramma op 13 maart 2018 (foto: Studio Aksento).

2017-2018: Jubileum 60 jier Akademylêzingen

Yn 2018 waarden de Akademylêzingen foar de 60ste kear organisearre. Dêrta wie der in jubileumedysje op tiisdei 13 maart 2018 yn De Harmonie yn Ljouwert, mei in lêzing fan sosjologe Evelien Tonkens en muzyk fan Tet Rozendal.