Skip to main content
It bestjoer fan it Genealogysk Wurkferbân, fan loft nei rjochts: Anne Hielke Lemstra, lid, Gosse van der Plaats, foarsitter, Rinse Spits, lid, Jelle de Jong, lid. Ofwêzich: dr. Jabik van der Bij, skriuwer. Foto: Max van der Wijk.

Genealogysk Wurkferbân

Oprjochtingsjier: 1946

 

It Genealogysk Wurkferbân graaft yn 't papierene ferline fan Fryslân. Genealogen hâlde harren dwaande mei it ûndersyk fan geslachten. Hja jouwe omtinken oan 'e gearhing fan dy geslachten en oan de omstannichheden dêr't dy ûnder libbe hawwe. Hja dogge soks om dêr it eigen ynsjoch mei te ferdjipjen, mar ek om oaren, bygelyks skiedkundigen, mei de útkomsten fan harren ûndersyk te skewielen.

Nei de Twadde Wrâldoarloch is it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy oprjochte om de krêften op dat mêd te bondeljen. Nei 1970 hat it Wurkferbân in grutte flecht naam, sadat it op in beskaat momint mear as 500 leden telde.

Ut de leden fan it Genealogysk Wurkferbân is yn 1956 in beheind tal leden ynstallearre as de Fryske Rie foar Heraldyk. Dy Rie hâldt him dwaande mei alle saken dy't wapens en flaggen oanbelangje.

 

Bestjoer en kontakt

Gosse van der Plaats, foarsitter (e-mail: g.vanderplaats@knid.nl; mobyl: 06-13788311)

Dr. Jabik van der Bij, skriuwer (e-mail: jabikvanderbij@gmail.com; telefoan: 0515-559597)

Jelle de Jong, lid
Anne Hielke Lemstra, lid
Rinse Spits, lid
Anneke Westerhuis-Jager, lid

Genealogysk Jierboek: Ype Brouwers, einredakteur (e-mail: ypebrouwers@hetnet.nl)

 

Wat dogge wy allegear?

It Genealogysk Wurkferbân:

  • riedt de útjefte ta fan it Genealogysk Jierboek;
  • organisearret gearkomsten dêr't in genealogysk of heraldysk ûnderwerp yn oan 'e oarder steld wurdt om de kennis en it ynsjoch fan 'e leden te fergrutsjen;
  • organisearret alle jierren in ekskurzje nei in pear tsjerken om grêfsarken, roubuorden ensfh. te besjen;
  • organisearret ienkear yn 'e twa jier in Genealogyske Dei yn 'e mande mei de ôfdieling Fryslân fan de Nederlandse Genealogische Vereniging en de stifting Freonen fan de Argiven yn Fryslân;
  • hat in Grêfskriftekommisje, dy't ûndersyk docht nei grêfstiennen dy't by tsjerkerestauraasjes foar 't ljocht komme. Mear ynfo sjoch ûnderoan dizze side.

Genealogysk Wurkferbân docht gjin genealogysk ûndersyk foar tredden. Guon leden binne wol ree om soks persoanlik, tsjin fergoeding, te dwaan. Genealogen kinne foar harren ûndersyk yn Fryslân û.o. terjochte by Tresoar, it Histoarysk Sintrum Ljouwert, it Streekargyf Noardeast-Fryslân en yn alle gemeente-argiven yn Fryslân. Dizze ynstellingen nimme ek genealogyske publikaasjes, fakentiden basearre op ûndersyk yn dy argiven, graach op yn harren kolleksje. Foar net-publisearre ûndersyk en databestanenn is gjin plak yn harren kolleksjes. De Stichting Erfgoed Fundaasje is dêr ûnder betingsten wol ree ta. Dizze ynstelling kin yn oerlis wol ûnkostefergoeding yn rekken bringe. 

 

 

Grêfskriftekommisje

Yn 'e rin fan 'e ôfrûne jierren binne ferskate tsjerken yn Fryslân restaurearre. De Grêfskriftekommisje fan it Genealogysk Wurkferbân makket, sadree't er weet kriget dat der earne in tsjerkeflier útgiet, in sekuere ynventarisaasje fan bekende en ûnbekende grêfskriften op 'e sarken.

 

Gearkomsten

Gearkomsten fan it Genealogysk Wurkferbân fine plak yn it winterskoft, yn 'e regel op in sneontemiddei om 13.30 oere yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert.

 

Aktiviteiten

 

Seizoen 2023-2024

Sneon 9 maart 2024 - presintaasje Genealogysk Jierboek 2023 (útnûging)

Sneon 6 april 2024 - 17 Genealogyske Kontaktdei  (neiere ynformaasje oer it programma

 

Earder:

Sneon 17 febrewaris 2024 (NGV): lêzing Marianne Kootstra 'Dwarsliggers in Appelscha', Tresoar, Ljouwert (útnûging

Sneon 3 febrewaris 2024 - Lêzing Martha Kist, ‘De familie Evertsz uit Joure,  een familie uit de middenklasse’, 't Haske, De Jouwer (útnûging)

Sneon 6 jannewaris 2024 - Gearkomste en lêzing 'De Ljouwerter Weeshûsrekkens 1541-1608' troch Meindert Schroor, Tresoar, Ljouwert. (útnûging)

Sneon 9 desimber 2023 (NGV) - Famylje Van der Wielen

Sneon 25 novimber 2023 - Lúkswâlde, lêzing Anne Hielke Lemstra (útnûging) (ferslach)

Sneon 11 novimber 2023 (NGV)  - Tien minuten praatjes

Sneon 28 oktober 2023 Skiednis fan Jirnsum sintraal yn lêzing Symen Schoustra (útnûging) (ferslach)

Sneon 21 oktober 2023 (NGV) - Marie-Anne de Harder 'Kleurrijke verhalen uit de Friese kerkgeschiedenis

Sneon 7 oktober 2023 - lêzingen fan Sietze van der Meulen en Rinse Spits (útnûging); 1. Boerefamyljes op it snijflak fan sulver en genealogy en 2. Frjemd wurdt eigen.

Sneon 16 septimber 2023: Ekskurzje nei It Damshûs. Tema: de skiednis fan de feanterij (útnûging) (ferslach)

April 2023 - Bypraterke

 

 


Eardere gearkomsten Genealogysk Wurkferbân

Winterskoft 2022-2023

Sneon 8 april 2023: Lêzing 'De Joadske minderheid yn Fryslân 1880-1940' troch Halbe Hageman (sjoch útnûging).

Sneon 11 maart 2023: 'Piet Oberman, de man en de myte' troch Hessel de Walle (sjoch útnûging en ferslach)

Sneon 18 febrewaris 2023: Lêzing Wil Schackmann oer Etta Palm (NGV) (sjoch útnûging)

Sneon 28 jannewaris 2023: Lêzing oer 'Van Aisma' troch Pieter Nieuwland (sjoch útnûgingekstra oprop en ferslach)

Sneon 21 jannewaris 2023: Gearkomste Nederlandse Genealogische Vereniging. Jeroen Punt en André Buwalda oer: 'De dagboeken van de Friese stadhouder Willem Lodewijk van Nassau'. (sjoch útnûging)

Sneon 7 jannewaris 2023: Lêzing André A. Buwalda oer 'De famylje Lauta van Aysma' (sjoch útnûging en ferslach)

Sneon 10 desimber 2022: Lêzing Anita Terpstra oer Al mijn moeders (NGV) (sjoch útnûging)

Sneon 26 novimber 2022: Presintaasje Genealogysk Jierboek 2022, 72ste edysje (sjoch útnûging en ferslach)

Sneon 19 novimber 2022: Tienminutenpraatjes (NGV) (útnûging)

Sneon 29 oktober 2022: Lêzing oer it famyljeboek 'Van Sinderen/Van Zinderen' troch Marinus den Dekker (sjoch útnûging en ferslach)

Sneon 15 oktober 2022: Gearkomste (NGV) mei Hans Mol oer Friese edelen (Poster)

Sneon 8 oktober 2022: Lêzing 'De feanbazen fan Van der Sluis' troch Reitze Jonkman (sjoch útnûging en ferslach)

Sneon 17 septimber 2022: Ekskurzje Hegebeintum, mei it NGV (sjoch útnûging en ferslach)

 

Winterskoft 2021-2022

Sneon 9 april 2022: Presintaasje Genealogysk Jierboek 2021 (sjoch útnûging en it ferslach)

Sneon 12 maart 2022: mienskiplike gearkomste GWF en de NGV afdeling Friesland. Organisaasje de NGV (sjoch útnûging)

Sneon 19 febrewaris 2022: (NVG) Joost Kingma oer Ignatius van Kingma (sjoch útnûging)

Sneon 29 jannewaris 2022: Gearkomste GWF FERFALT!

Moandei 17 jannewaris 2022: Bypraterke

Sneon 8 jannewaris 2022: Foardracht André Buwalda oer de Aysma's  FERFALT!

Sneon 20 desimber 2022: Bypraterke

Sneon 11 desimber 2021: (NGV) Jelle Jan Koopmans - Vrachtvaarders van Europa (sjoch útnûging) FERFALT!

Sneon 27 novimber 2021: Presintaasje 71e Genealogysk Jierboek 2021 (sjoch útnûging) FERFALT!

Sneon 6 novimber 2021: Genealogyske Kontaktdei yn Tresoar (sjoch útnûging) (mear ynfo oer de lêzings)

Sneon 29 oktober 2021: Jubileumgearkomste yn 125-jierrige Steatenseal (sjoch útnûging) (ferslach, taspraak Gosse van der Plaats, taspraak Rinse Spits, taspraak Jelle Terluin).

Sneon 9 oktober 2021: Meindert Schroor mei lêzing oer de maatschappijfoarm yn it Waadgebiet (sjoch útnûging)

Sneon 18 septimber 2021: Mienskiplip reiske fan it GWF en NGV afdeling Friesland nei Dokkum. Gasthear, de Historische Vereniging Noordoost Friesland soarget foar twa lêzingen oer âld Dokkum en in rûnlieding (útnûging en ferslach). Link nei de lêzingen Lezing bouwhistorie in Dokkum - Historische Vereniging Noordoost-Friesland (hvnf.nl) en Lezing in de Sint Vitus kerk te Wetsens - Historische Vereniging Noordoost-Friesland (hvnf.nl)

 

Winterskoft 2020-2021

Sneon 24 april 2021 (NGV) FERFALT!

Sneon 10 april 2021 FERFALT!

Sneon 13 maart 2021 (GWF/NGV) Mienskiplike gearkomste mei NGV afdeling Friesland. FERFALT

Sneon 28 febrewaris 2021 FERFALT!

Sneon 13 febrewaris 2021 (NGV) FERFALT!

Sneon 16 jannewaris 2021 (NGV) FERFALT!

Sneon 2 jannewaris 2021 FERFALT!

Sneon 12 desimber 2020 (NGV) George Snijder. Ons varend erfgoed in WO II (sjoch útnûging)

Sneon 28 novimber 2020 - Presintaasje Genealogysk Jierboek 2020 FERFALT!

Sneon 7 novimber 2020 (NGV) Tienminutenpraatjes en afdelingsvergadering (sjoch útnûging)

Sneon 31 oktober 2020 - FERFALT!

Sneon 24 oktober 2020 - NGV) Friese kapiteins in het Staatse Leger (sjoch útnûging)

Sneon 19 septimber 2020 - FERFALT!

Sneon 5 septimber 2020: NGV Ekskurzje nei Frysk Lânboumuseum (sjoch útnûging).

 

Winterskoft 2019-2020

Sneon 18 april 2020. - FERFALT!

Sneon 4 april 2020.- FERFALT!

Sneon 14 maart 2020: mienskiplike gearkomste NGV en GWF: Ons varend erfgoed in WO II, troch George Snijder (sjoch útnûging). - de gearkomste FERFALT!

Sneon 15 febrewaris 2020 (NGV): presintaasje oer GensDataPro, troch Bas Wilschut (sjoch útnûging).

Sneon 1 febrewaris 2020 (GWF): De menisten op it Wytfean, troch Elly Pacanda-Bolier (sjoch útnûging).(ferslach)

Sneon 18 jannewaris 2020 (NGV).(sjoch útnûging)

Sneon 4 jannewaris 2020 (GWF): Kolonisten mei âld-Ljouwerter foarâlden, troch Wytse Tjoelker (sjoch útnûging) (ferslach)..

Sneon 14 desimber 2019 (NGV): De kinderkolonie Veenhuizen en de strafkolonie troch Wil Schackmann (sjoch útnûging).

Sneon 30 novimber 2019 (GWF): Presintaasje Genealogysk Jierboek (sjoch útnûging) (ferslach)

Sneon 16 novimber 2019 (NGV): Tienminutenpraatjes (sjoch útnûging).

Sneon 2 novimber 2019 (GWF): Stambeam yn sulver: de Fryske berteleppeltradysje tusken 1650 en no troch Richard de Boer en Han Nijdam (sjoch útnûging) (ferslach).

Sneon 19 oktober 2019 (NGV): Het Amsterdamse notariële archief troch Jirsi Reinders (sjoch útnûging).

Sneon 12 oktober 2019 (GWF): De Martena's yn Fryslân troch Marjan Brouwer en Henk Popma (sjoch útnûging) (ferslach).

Sneon 21 septimber 2019: mienskiplik reiske fan it GWF en NGV ôfdieling Fryslân nei Skettens. Gasthear is lokaal histoarikus André A. Buwalda, dy't mear fertelle sil oer Skelte van Aysma, syn grêf en pleats (sjoch útnûging) (ferslach).

   

Winterskoft 2018-2019

Sneon 15 september 2018: Mienskiplik reiske NGV afdeling Friesland en Wurkferbân nei Frjentsjer (sjoch útnûging) Opjefte is sletten.

Sneon 13 oktober 2018: Piet Postma. Famylje IJsselmuiden (sjoch útnûging) (ferslach).

Sneon 20 oktober 2018: Ernest de Lange. Het Sint Anthony Gasthuis (sjoch útnûging). NGV-gearkomste yn HSL.

Sneon 3 novimber 2018. Jan de Jager. Boeken Paesens-Moddergat & famylje Hellinga* (sjoch útnûging) (ferslach).

Sneon 17 novimber 2018. Tienminutenpraatjes en contactmiddag NGV (sjoch flyer).

Sneon 1 desimber 2018: Presintaasje Genealogysk Jierboek 2018. Boekoanbieding oan ynterim-direkteur Willem Smink. Taljochting troch de auteurs (sjoch útnûging) (ferslach).

Sneon 15 desimber 2018: NGV-gearkomste yn HSL, Arjen Dijkstra oer it Frjentsjerter Planetarium (sjoch útnûging).

Sneon 5 jannewaris 2019: J.P. Cnossen oer it Famyljeboek Cnossen. Plak: Café Wouters, Ljouwert (sjoch útnûging) (ferslach).

Sneon 19 jannewaris 2019: NGV-gearkomste yn HSL: Wiete Hopperus Buma praat oer Gerlacus Buma (sjoch útnûging).

Sneon 2 febrewaris 2019: Presintaasje fan Nykle Dijkstra: Maritime foarâlden en dito boarnen. Oanslutend fragen- en útwikselmiddei. Plak: Oranje Hotel, Ljouwert (sjoch útnûging) (ferslach).

Sneon 16 febrewaris 2019: NGV-gearkomste yn HSL (sjoch útnûging).

Sneon 9 maart 2019: Mienskiplike gearkomste NGV afdeling Friesland en Genealogysk Wurkferbân. 'Sels in boek meitsje yn Word': Jabik van der Bij lit de mooglikheden fan Word sjen mei oefeningen op 'e eigen laptop. Obe Weissenbach demonstrearret in tal printtechnyske fariaasjes (sjoch útnûging) (ferslach).

Sneon 30 maart 2019: Presintaasje fan Titia Jippes-de Boer: Jeppemastate en weeshûs Tjallingastate. Twa ferhalen út de skiednis fan Westernijtsjerk by Marrum (sjoch útnûging) (ferslach).

 

Winterskoft 2017-2018

Sneon 14 oktober 2017: Reiske nei Gaasterlân (sjoch útnûging en ferslach)

Sneon 4 novimber 2017: Prof. dr. Hans Mol (Fryske Akademy) oer it digitalisearringsprojekt Fryslân 1750-1900: persoanen en perselen (sjoch útnûging en ferslach)

Sneon 2 desimber 2017: Presintaasje Genealogysk Jierboek 2017 yn De Koperen Tún. Taljochting troch de auteurs (sjoch wurklist).

Sneon 6 jannewaris 2018: Annemarie Zijlstra: Schotanusatlassen en buitenplaatsen in Fryslân (sjoch wurklist, flyer en ferslach)

Sneon 20 jannewaris 2018: Paul van der Zwaag: Een naar familiegeschenk. Onderzoek naar een erfelijke hartafwijking (PLN) (sjoch flyer)

Sneon 3 febrewaris 2018: Frage- en útwikselmiddei (sjoch útnûging en flyer, fraach 1, 2 en ferslach)

Sneon 17 febrewaris 2018: Dorien Haagsma: Landaanwinning in het Friese kustgebied (sjoch flyer). Lokaasje: HSL

Sneon 31 maart 2018: Wannear is Jan in soan fan Pyt? Bydragen fan Kees de Boer en Anne Hielke Lemstra (sjoch wurklist, flyer en ferslach)

Sneon 14 april 2018: Het wapenbord van Oosterwierum, lêzing fan Bernhard van Haersma Buma, en De Sixma-grafkelder te Huizum, lêzing fan Coert van Beijma. NGV-gearkomste yn it HSL (sjoch flyer). 

 

Winterskoft 2016-2017

Sneon 22 april 2017: Piter van der Woude oer âlde famyljegeheimen: 'Alde geheimen sykje it ljocht'. Net te ferklearjen saken út it ferline fan in famylje bliuwe it neiteam fassinearjen. Faak komt dat ‘net te ferklearjen’ troch ferswijen. Om’t de ear fan ‘e famylje rêden wurde moast. Of om’t skamte en skande bedutsen wurde moasten. Mar it ferswijen hat fan gefolgen dat der in gat, in leech plak, yn it famyljebyld ûntstiet. It plaatsje is net folslein, der mist in namme, in beppe, in oerpake. It gat wol folle wurde, it geheim siket it ljocht. Dizze presintaasje giet oer it sykjen nei in ûnbekende oerpake yn Piter syn famylje. “Pake hie gjin heit, pake hie allinnich in mem”.
Utnûging: (Frysk) (Nederlânsk).

Sneon 11 maart 2017: Dick Bunskoeke oer de Harnzer mûnen, eigners en famyljes: 'Mensen, molens, bedrijven'. Yn de sechtjinde iuw kaam de earste Fryske oaljemole by Harns te stean, fluch nei 1600 folgen de earste beide Fryske papiermûnen. Yn 1616 kaam de earste houtseachmole fan Fryslân, as earste fan in hiele rige. De bou fan de mûnen waard finansiere troch in relatyf lytse groep foaroansteande stedsjers, dy’t ek hyltyd mear as eigners fan de mûnen yn ‘e boeken kamen. Guon famyljes koene generaasje nei generaasje harren bedriuwen behâlde en foarmen sa in wiere “mûnedynasty”. De grutte rol fan begoedige, meniste ynwenners falt op by al dizze warberens. In ûndersyk nei de 35 stânplakken fan ferdwûne wynmûnen en de dêrby belutsen eigners en mûnders liede yn 2016 ta in nij boek (sjoch dizze folder), mei in yndeks fan hast 900 persoansnammen. De skriuwer sil yn syn lêzing foaral oan de hân fan dizze persoanen it ferline fan de mûnen fan Harns beljochtsje.
Utnûging: (Frysk) (Nederlânsk). Ferslach: (Frysk)

Sneon 11 febrewaris 2017: Is der in takomst foar it Genealogysk Wurkferbân? Fjouwer fragen. Oanslutend in presintaasje fan Goasse Brouwer: Erfgoed yn 'e romte. Ferslach: (Frysk).

Sneon 3 desimber 2016: Utrikking fan it Genealogysk Jierboek 2016. Ferslach: (Frysk)

Sneon 5 novimber 2016: Leo Bijvoet oer famylje en webstek Bijvoet.

Sneon 3 septimber 2016. Gosse van der Plaats oer de famylje Jouwersma, harren sark en harren relaasje mei de bewenners fan Toutenburch yn de Ryptsjerkstertsjerke (taheakke). Oanslutend: Jan Stavenga oer de skiednis fan Ryptsjerk, bûtenpleatsen en harren bewenners. Ferslach: (Frysk).

Sneon 9 april 2016. Ferslach: (Frysk).