Skip to main content

Lânboukundich Wurkferbân

 

It Lânboukundich Wurkferbân organisearret geregeldwei gearkomsten, meastentiids yn it Frysk Lânboumuseum yn Ljouwert (Goutum), en ekskurzjes oer agronomyske saken fan hjoed-de-dei en fan eartiids. It doel fan dizze aktiviteiten is it dielen fan (wittenskiplike) kennis mei in breed publyk.

Yn 'e twadde helte fan 'e 20ste iuw is der yn 'e lânbou in protte feroare. It tal minsken dat yn 'e lânbou syn brea fertsjinnet, is tebekrûn. Doch nimt de lânbou hjoed-de-dei noch hieltyd in wichtich plak yn op it mêd fan 'e wurkgelegenheid yn Fryslân. De lânbou wurdt ek jimmer mear belutsen by saken as romtlike oardering, miljeu, natoer, lânskip en toerisme. By saken lykas biotechnology en genetyske modifikaasje komt de etyk op 't aljemint. Al dy ûnderwerpen komme oan 'e oarder yn 'e gearkomsten fan it Lânboukundich Wurkferbân.

 

Ekskurzje 26 maaie 2023.

Oprjochtingsjier

1941

 

Bestjoer en kontakt

Foarsitter: Truus Steenbruggen (e-mail)
Skriuwer: Klaas Zandberg (e-mail)
Leden: Reinder Schaap, Jacob Heida, Frans Ettema, Goffe Jensma, Nynke Dijkstra

 

Nijsbrief

Op 'e hichte bliuwe fan 'e aktiviteiten fan it Lânboukundich Wurkferbân kin troch in mail te stjoeren nei Klaas Zandberg (e-mail). Dan ûntfange jo geregeldwei in nijsbrief oer de earstfolgjende lêzing dy't it wurkferbân organisearret. De nijsbrief ferwiist ek nei ferslaggen fan eardere lêzings.


Aktivititeiten winterskoft 2023-2024

Foar it winterseizoen 2023-2024 organisearret it Wurkferbân in searje lêzingen om it tema duorsume fiedselsystemen hinne.

It programma is hjir del te laden (pdf) >>> 

24 novimber 2023:
Drs. Krijn Poppe, eerder research manager en senior economist Wageningen Economic Research (voorheen het LEI).
Poppe zoomt in op de rol van de plantaardige sector en de economische aspecten. (útnûging)

15 desimber 2023:
Ir. Henk Westhoek, programma leider en senior researcher landbouw en voedsel bij het Planbureau voor de Leefomgeving.
Westhoek spreekt over het EU-beleid van boer tot bord.

10 febrewaris 2024:
Ir. Reina Vellinga, voedingswetenschapper RIVM, promovendus Wageningen University & Research.Vellinga gaat in op haar onderzoek naar gezonde, duurzame en betaalbare voedingspatronen.

15 maart 2024:
Alex Datema, directeur Food&Agri Nederland van de Rabobank.
Datema sluit de lezingenreeks af met de visie van de Rabobank op het thema.

13 april 2024:
Ter afsluiting van deze lezingencyclus wordt een excursie georganiseerd naar het akkerbouwbedrijf Jensma Agro BV in Westhoek.

 


Oanfollings en eventuele wizigings yn it programma wurde byholden op dizze website.
Ynformaasje oer eardere aktiviteiten fan it Lânboukundich Wurkferbân fine jo hjir