Skip to main content
Heechlearaar frouljuskardiology Angela Maas hâldt freed 13 jannewaris 2017 in Akademylêzing.

De 59ste rige Akademylêzingen fan de Fryske Akademy set út ein op freed 18 novimber 2016. Elk jier slagget de wurkgroep Akademylêzingen der wer yn in oansprekkende rige lêzingen te organisearjen, wêr't in protte folk op ôf komt. De Akademylêzingen binne foar elk tagonklik.

 

Organisaasje 

Wurkgroep Akademylêzingen

 

Opset  

Lêzing 1, moarns 10.00-12.00 oere (45 min lêzing, kofjeskoft, 45 min fragen/diskusje)
Lêzing 2, middeis 13.30-15.30 oere (45 min lêzing, teeskoft, 45 min fragen/diskusje)

 

Lokaasjes

Groep I, Ljouwert
Grand Café Restaurant De Koperen Tuin, Prinsetún 1, 8911 DE Ljouwert, tel. (058) 213 11 00

Groep II, De Jouwer
Party- en Sealesintrum It Haske, Vegelinswei 20, 8501 BA De Jouwer, tel. (0513) 41 52 81

 

 

Data en programma

DatumGroep I, LjouwertGroep II, De Jouwer
Freed 18 novimber 2016
  1. Ellen van der Vecht: Alma Tadema
  2. Zehra Dogan: Vrouwelijk leiderschap
  1. Zehra Dogan: Vrouwelijk leiderschap
  2. Ellen van der Vecht: Alma Tadema
Freed 13 jannewaris 2017
  1. Dr. Arjen Dijkstra: Niets menselijks was Franeker studenten en professoren vreemd
  2. Prof. Angela Maas: Hart voor vrouwen
  1. Prof. Angela Maas: Hart voor vrouwen
  2. Dr. Arjen Dijkstra: Niets menselijks was Franeker studenten en professoren vreemd
Tiisdei 14 febrewaris 2017
  1. Prof. dr. Aart Jan Beekman: Depressies
  2. Dr. Marijn Molema: De industriële Revolutie in it moaiste lân fan d'ierde: opkomst en ontwikkeling van de Friese zuivelindustrie'
  1. Dr. Marijn Molema: 'De Industriële Revolutie in it moaiste lân fan d'ierde: opkomt en ontwikkeling van de Friese zuivelindustrie
  2. Prof. dr. Aart Jan Beekman: Depressies

Kosten en opjefte

De kosten bedrage € 30,00 foar de hiele rige.

 

Opjefte fia ynternet

Opjaan en beteljen fia ynternet hat ús foarkar en kin troch hjir te klikken. Nei it beteljen krije jo in befêstiging fan jo opjefte fia e-mail.

 

Telefoanysk opjaan

Kinne jo net ynternetbankiere dan is telefoanyske opjefte mooglik: belje (058) 213 14 14. Wy wolle graach jo namme (en eventueel famkesnamme), adres en postkoade en telefoannûmer witte en de lokaasje: Ljouwert of De Jouwer. Meitsje tagelyk mei de opjefte 30 euro oer op rekken nûmer: NL 30 RABO 0130 5496 81 fan de Fryske Akademy te Ljouwert û.f.f. Akademylêzingen, namme, lokaasje dêr’t jo de rige folje wolle. As de betelling definityf is, wurdt jo namme op de dielnimmerslist setten.