Skip to main content

Aggie van der Meer earste yn rige ynterviews

Janneke Spoelstra yn petear mei Aggie van der Meer (foto: Piet Douma)

Janneke Spoelstra hat okkerwyks in ynterview mei de 95-jierrige dichter/skriuwer Aggie van der Meer, Gysbert Japicx-priiswinner (2019), holden foar foar it projekt dat as wurktitel hat ‘ynterviewbondel Fryske dichteressen’.

It wie it earste ynterview yn in rige dy’t úteinlik sa’n 10 ynterviews telle sil. Earder dit jier hold Spoelstra al in pear lêzingen oer dit projekt, yn Edinburgh en yn Ljouwert. Der hat ek in artikel fan har oer dit projekt yn Ensafh, nû. 4 fan dit jier stien. De lêzing dy't Janneke Spoelstra op it Frisian Humanities Congres te Ljouwert hold ôfrûne septimber, is op Ensafh te lêzen.

It is in projekt yn it ramt fan ‘e Redaksje Literêre Rigen en is bedoeld as in update fan it boek Ut syn aerd wei froulik, de Fryske dichteressen en it misferstân fan Jelma Knol út 1993. De Afûk sil de nije ynterviewbondel útjaan.