Skip to main content

Aldste opnamen fan de trije Fryske talen digitalisearre

Yn gearwurking mei de Fryske Akademy en Tresoar hat it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) in rige fan 75 âlde 78-toerenplaten mei Fryske dialektopnamen út 1927 digitalisearje litten. De opnamen kinne online beharke wurde. De platen binne profesjoneel digitalisearre troch Picturae yn Heerhugowaard, dy’t dêr sels spesjale apparatuer foar oankocht. De opnamen binne fan histoaryske en taalkundige wearde. Wy kinne hearre hoe’t it Klaaifrysk, Wâldfrysk en it Frysk fan de Súdwesthoeke, de Dokkumer wâlden en de Dongeradielen yn de jierren 20 klonk. Ek it Hylpers, Aasters en Westers (Skylge), Skiermûntseachs en Biltsk fan in iuw tebek binne fêstlein op de schellakplaten. Njonken ús Westerlauwersk Frysk steane der dialekten út East- en Noard-Fryslân yn Dútslân en Denemarken op de platen. Dy binne ek digitalisearre.

 

Theodor Siebs en Geart Aeilco Wumkes

‘Sokke platen binne ûnforslytber, sadet men troch in grammofoon oer tûzen jier yette in Skylger ef Hynljipper praten hearre kin’, skriuwt Geert Aeilco Wumkes, bibliotekaris fan de Provinsjale Biblioteek (no Tresoar), yn 1926. Hy is entûsjast oer it plan om dialekten fan ‘e trije Fryske talen fêst te lizzen op grammofoanplaten: Noardfrysk, Eastfrysk (Saterfrysk) en Westerlauwers Frysk (ús Frysk).

Fjouwer jier earder is de ‘Lautabteilung’ (lûdôfdieling) fan de Universiteit fan Berlyn begûn mei it prestizjeuze projekt en lis alle Dútske dialekten yn binnen- en bûtenlân fêst mei in fonograaf op saneamde ‘schellakplaten’. Dat binne platen mei in laachje skellak deroer, oarspronklik in ôfskiedingsprodukt fan luzen mei ferskate yndustriële tapassingen (lykas it glânsmiddel E904).

Professor Theodor Siebs, spesjalist op it mêd fan de Fryske taal yn Dútslân, kriget de lieding oer de opnamen yn ‘e Fryske talen. Siebs en syn assistint Walther Steller komme nei Ljouwert ta om mei Wumkes te praten oer it opnimmen fan dialekten fan it Westerlauwerse Frysk. Wumkes regelet Provinsjale subsydzje en siket sprekkers byinoar foar it projekt. Begjin april 1927 melde de ynsprekkers har by de Kânselarij yn Ljouwert foar de opnamen.

 

De ynsprutsen teksten

As teksten lizze der sinnen klear dy’t ek brûkt wurde foar de Dútske taalatlas (de Wenker-sinnen) en acht sinnen fan Siebs sels (de Siebs-sinnen). Fierder wurdt it Bibelske ferhaal fan de Ferlerne Soan (Lukas 15:11-32) ynsprutsen. De taalfarianten út de neifolgjende kriten wurde fêstlein: Hylpen, Skiermûntseach, Skylge, Ferwerteradiel, de Dokkumer Wouden, Dongeradiel, de Klaaistreek, de Wâlden, de Súdwesthoeke en it Bilt.

 

Belang fan de opnamen

De opnamen fan Siebs binne de âldste systematyske audioregistraasjes fan de trije Fryske talen en har dialekten. Se jouwe ús ynsjoch yn de feroaring yn de útspraak en grammatika fan it sprutsen Frysk yn de ôfrûne 100 jier. Under de ynsprekkers binne guon histoarysk bekende foarmannen fan de Fryske beweging lykas Douwe Kalma, Jan Jelles Hof, Jelle Brouwer, Eeltsje Boates Folkertsma en Onno Harmens Sytstra. Der sitte ek opnamen tusken fan dialekten dy’t al útstoarn binne, lykas dy fan de lêste sprekker fan it Wangereachs, in dialekt fan it Eastfrysk.

 

Online beskikber

Alle dialektopnamen op de skellakplaten binne no online beskikber. Jo kinne se beharkje op archieven.nl (kolleksje Fries Film en Audio Archief) en op it Soundcloudkanaal fan it FFAA.

 

Foto: Hindrik Sijens