Skip to main content

Arjen Versloot ynterim-heechlearaar Fryske taal en kultuer

De Fryske Akademy lokwinsket prof. dr. Arjen Versloot fan herten mei syn nije oanstelling as ynterim-heechlearaar Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG). Fan 15 febrewaris ôf wurdt er foar twa dagen yn 'e wike detasjearre út de Universiteit fan Amsterdam (UvA) wei, yn prinsipe foar in tiidrek fan fiif jier. De oanstelling fan Versloot jout de Ryksuniversiteit de kâns om de perioade te oerbrêgjen oant it op ’e nij winnen fan in heechlearaar Fryske taal en kultuer, dat oer in pear jier syn beslach krije sil. 

Oan de Universiteit van Amsterdam beset Versloot de learstoel Germaanske Taalkunde, yn it bysûnder fan de Dútske, Skandinavyske en Fryske talen. De bysûndere learstoel Fryske taalkunde - dêr't de Fryske Akademy finansjeel oan bydraacht - is opnommen yn de learstoel Germaanske taalkunde.

De Fryske Akademy sjocht út nei in fruchtbere gearwurking mei Versloot en syn nije kollega's yn Grins. In sterke universitêre Frisistyk, mei romte foar talint fan de takomst, is fan grut belang foar in bloeiend kennis-ekosysteem op regionaal, nasjonaal en ynternasjonaal nivo. 

Lês hjir it parseberjocht fan de RUG oer de oanstelling fan Versloot.