Skip to main content

Dielnimmers socht foar ûndersyk nei taalfariaasje

Meidwaan

Taalwittenskipper Femke van Seijen fan de Fryske Akademy wurket oan in ûndersyk nei taalfariaasje yn it Frysk en it Nederlânsk. Sy docht dit yn it ramt fan it ynternasjonale projekt ‘Multilectal Literacy in Education’ dat ûnder lieding stiet fan prof. dr. Øystein A. Vangsnes fan de UiT Arctic University of Norway. Prate jo Frysk en Nederlânsk en wolle jo Van Seijen en har kollega's helpe nije ynsichten te krijen oer hoe’t de talen sprutsen wurde? Dan hearre we dat graach. De oprop stiet hjirûnder.


 

Ûndersyk nei taalfariaasje yn it Frysk en it Nederlânsk 

 

Wy sykje Fryske memmetaalsprekkers!

Prate jo Frysk en Nederlânsk en wolle jo ús helpe nije ynsichten te krijen oer hoe’t de talen sprutsen wurde? Dan sykje wy jo!

 

Eksperimint

Foar in ûndersyk nei taalfariaasje yn it Frysk en it Nederlânsk binne wy op syk nei dielnimmers foar ús eksperiment. Om te sjen hoe’t de beide talen sprutsen wurde, meitsje we yn dit eksperimint audio-opnamen fan hoe’t jo prate.

It ûndersyk bestiet út twa eksperiminten (ien Nederlânsktalich en ien Frysktalich) dy‘t elts sa’n 45 minuten duorje; dus sa’n 1,5 oere yn totaal. Dizze ûnderdielen wurde yn aparte sesjes ôfnommen. As tank foar de dielnimming krije de dielnimmers in fergoeding fan €10 per sesje.

Elke memmetaalsprekker fan it Frysk kin meidwaan oan it ûndersyk, it makket neat út wat jo geslacht, leeftiid, oplieding of (Frysk) dialekt is. It eksperimint wurdt ofwol op lokaasje ôfnommen (de Fryske Akademy yn Ljouwert of de Rijksuniversiteit yn Grins), ofwol by jo thús. Yn beide gefallen wurdt dit troch de ûndersyksassistinten dien. Eventuele reiskosten nei de Fryske Akademy wurde fergoede.

 

Kontakt

As jo ynteresse hawwe, kinne jo kontakt opnimme mei Femke van Seijen (Fryske Akademy) of Hans de Jong (Ryksuniversiteit Grins). Reagearje kin oant ein febrewaris 2023. Alfêst tige tank!

 

Tafersjoch

Dit ûndersyk wurdt útfierd ûnder begelieding fan dr. Remco Knooihuizen (Rijksuniversiteit Groningen), dr. Evelyn Bosma (Fryske Akademy) en prof. dr. Hans Van de Velde (Fryske Akademy/ Universiteit Utrecht) en makket diel út fan it projekt ‘Multilectal Literacy in Education’, ûnder lieding fan prof. dr. Øystein A. Vangsnes (UiT Arctic University of Norway).