Skip to main content

Lêzing Martha Kist oer Jouster famylje Evertsz

Martha Kist

Martha Kist

De Fryske Akademy bestiet 85 jier. It Genealogysk Wurkferbân fan ’e Fryske Akademy organisearret dêrom, yn ’e mande mei de Fryske Rie foar Heraldyk, in middei oer genealogy yn ‘t Haske op ’e Jouwer. Op sneon 3 febrewaris 2024 hâldt histoarikus en genealooch Martha Kist dêr in lêzing oer de Jouster famylje Evertsz. Heraut Jelle Terluin fan de Fryske Rie foar Heraldyk komt del om te fertellen oer de flagge en it wapen fan De Jouwer. It begjint om 13:30 oere, de tagong is fergees.

 

De famylje Evertsz

Yn 1811 nimt Arend Everts, keapman op ’e Jouwer, de famyljenamme Evertsz oan foar himsels en syn acht bern. In har lêzing sil Martha Kist djipper yngean op de skiednis fan dizze famylje. Hokker plak naam de famylje yn binnen de flekke De Jouwer tidens de Napoleontyske perioade en wat wie de eftergrûn fan dizze famylje?

Kist sil ek omtinken jaan oan it libben fan in oantal bern en pakesizzers út de húshâlding Everts en harren maatskiplike posysje binnen Fryslân. Dêrby wurde ferbannen lein mei it kulturele libben fan de boerzoisy yn de earste helte fan de achttjinde iuw. Ek harren bannen mei it Krús- of Doumalien yn Aldeboarn komt te praat.

In tal pake - en oerpakesizzers fan Arend Evertsz en oare famylje bleau yn of om De Jouwer hinne wenjen, mei ûnder oare de famyljenammen Boonstra, Brouwer, Glasz, De Haan en Risselada. Oare neikommelingen fleagen út nei it westen fan ús lân en sels nei Nederlânsk-Ynje. Tsjintwurdich is de famylje yn manlike line útstoarn.

 

Oer Martha Kist

Martha Kist (Wolvegea, 1964) studearre skiednis en mediëvistyk oan de Ryksuniversiteit Grins. Sûnt 2002 is hja as kolleksjefoarmer ferbûn oan Tresoar, literatuermuseum, argyf en biblioteek fan Fryslân. Dêrneist hat sy in eigen bedriuw, Mensenvantoen, foar histoarysk en genealogysk ûndersyk en byldredaksje.

 

Oer de Fryske Akademy

De Fryske Akademy docht, dielt en fasilitearret wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf. De fokus leit dêrby op taal en meartaligens, skiednis en erfgoed, de minske en syn omjouwing en de ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren; it leafst yn dwersferbân en yn komparatyf perspektyf. Fan septimber 2023 oant septimber 2024 fiert de Fryske Akademy it 85-jierrich jubileum.

De wurkferbannen en stúdzjerûnten fan de Fryske Akademy fungearje as platfoarm foar boargerwittenskip en as moetingsplak foar kennisútwikseling op mêden lykas genealogy, archeology, letterkunde en maritime skiednis.

 

Yn it koart

  • Lêzing Martha Kist – ‘De familie Evertsz uit Joure,  een familie uit de middenklasse’
  • Datum: sneon 3 febrewaris 2024
  • Plak: ‘t Haske, Vegelinsweg 20, De Jouwer
  • Fiertaal: Frysk
  • Tiid: ynrin 13:00 oere, start 13:30 oere
  • Tagong: fergees

Jo binne fan herten wolkom.