Skip to main content

Skiednis fan Jirnsum sintraal yn lêzing Symen Schoustra

De Fryske Akademy bestiet 85 jier. It Genealogysk Wurkferbân fan ‘e Fryske Akademy organisearret dêrom, yn ‘e mande mei de Fryske Rie foar Heraldyk, in middei oer de skiednis fan it doarp Jirnsum. Op sneon 28 oktober jout histoarikus Symen Schoustra yn kafee De 2 Gemeenten yn Jirnsum twa lêzingen: oer de namme Scarwier en de geografyske histoarje fan de gritenij Raerderhim, en oer de Jirnsumer suvelfabryk. Heraut Jelle Terluin fan de Fryske Rie foar Heraldyk sil fertelle oer de flagge en it wapen fan Jirnsum. It begjint om 13:30 oere, de tagong is fergees.

 

Boer Scarwier

De earste lêzing fan Schoustra hat de titel ‘Geografyske syktocht nei Scarwier’. Meinert Formers Scarwier troude om 1540 hinne, in iuw foar it begjin fan de earste offisjele pleatse-administraasje mei de nammen fan eigeners en brûkers (de Stimkohieren). Bekend is dat Scarwier boer wie yn Raerd of omkriten, mar net op hokker pleats. Schoustra fertelt tidens  dizze presintaasje oer it yn kaart bringen fan mooglike lokaasjes, it neirinnen fan de hypotezen, it puzeljen mei lytse stikjes ynformaasje en úteinlik it oanwizen fan it plak dêr’t Meinert Formers Scarwier boer wie. Dit ferhaal giet net sasear oer de genealogy, mar benammen oer de geografyske histoarje fan de gritenij Raerderhim.

 

Jirnsumer suvelfabryk

De twadde lêzing giet oer de oprjochters fan de Jirnsumer suvelfabryk. It bûterfabryk fan Jirnsum waard oprjochte yn 1888 en it bysûndere is dat in ploegje boeren dat hielendal sels regele hat. Se wienen ek allegear famylje fan inoar. De lêzing fan Schoustra beslacht rûchwei de perioade fan de oprjochting oant en mei it 25-jierrich jubileum, mei in soad omtinken foar de famyljerelaasjes.

 

Oer Symen Schoustra

Symen A. Schoustra (1954) docht histoarysk ûndersyk nei de skiednis fan Jirnsum. Hy skriuwt  artikelen oer it doarp en ûnderhâldt de website www.irnsum.nl oer de histoarje fan Irnsum (no: Jirnsum). Op dit stuit wurket Schoustra oan in online geografyske database fan pleatsen yn it ‘Beneden Boorne Gebied’. Dizze saneamde ‘Lytse Greidhoeke’ is it klaaigebiet fan rûchwei Raerd oan Aldeboarn ta.

 

Oer de Fryske Akademy

De Fryske Akademy docht, dielt en fasilitearret wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf. De fokus leit dêrby op taal en meartaligens, skiednis en erfgoed, de minske en syn omjouwing en de ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren; it leafst yn dwersferbân en yn komparatyf perspektyf. Yn 2023 bestiet de Fryske Akademy 85 jier.

De wurkferbannen en stúdzjerûnten fan de Fryske Akademy fungearje as platfoarm foar boargerwittenskip en as moetingsplak foar kennisútwikseling op mêden lykas genealogy, archeology, letterkunde en maritime skiednis.

 

Yn it koart

  • Datum: sneon 28 oktober 2023
  • Plak: Kafee De 2 Gemeenten, Grousterdyk 1, 9011 WK, Jirnsum
  • Tiid: ynrin 13:00 oere, start 13:30 oere
  • Tagong: fergees
  • Fiertaal: Frysk

Jo binne fan herten wolkom.