Skip to main content

Spesjale edysje fan DIALECTOLOGIA oer dialektklassifikaasjes fan talen yn Europa

Yn oparbeidzjen mei kollega's fan de University of the Basque Country (Baskelân) en de Slovenian Academy of Sciences and Arts (Slovenië) wurket prof.dr. Hans Van de Velde (Fryske Akademy/ Universiteit fan Utert) oan it DIACLEU-projekt: Dialect Classifications of Languages in Europe

It doel fan dit projekt is it publisearjen fan in folslein, aktueel en histoarysk oersjoch fan dialektklassifikaasjes fan de yn Europa sprutsen endogene talen. Hjiryn wurde alle klassifikaasjes sammele dy't oant no ta foar dizze talen publisearre binne en makket se dêrmei tagonklik foar in ynternasjonaal publyk. Elke paper is skreaun neffens in bepaalde struktuer, sadat ferlykjend ûndersyk mooglik is. 

It earste resultaat fan it DIACLEU-projekt is no ferskynd: in spesjale útjefte fan it iepen access tydskrift DIALECTOLOGIA, ûnder redaksje fan it DIACLEU-ûndersykstiim: Gotzon Aurrekeotxea, Ariane Ensunza, Jožica Škofic en Hans Van de Velde. Dit is de earste fan yn totaal fjouwer spesjale edysjes fan DIALECTOLOGIA oer dialektklassifikaasjes fan talen yn Europa.

Yn it earste nûmer steane artikelen oer it Baskysk, Finsk, Gallo-Romaansk, Grienlânsk, Iersk, Italiaansk, Lúksemboargsk, Noorsk en Welsh. Yn in lettere edysje komt ek it Frysk oan bar, yn in paper skreaun troch prof. dr. Arjen Versloot (Ryksuniversiteit Grins / Universiteit fan Amsterdam). 

Hans Van de Velde hat ek meiskreaun oan de ynlieding fan it temanûmer fan DIALECTOLOGIA. Jo kinne it hjir lêze.