Skip to main content

Wike fan It Grut Frysk Diktee is begûn!

'It Grut Frysk Diktee - De Opwaarmer'

Binne jo der al klear foar? Set Omrop Fryslân Telefyzje dan mar oan en lis de pennen en papieren klear, want dizze wike is de wike fan It Grut Frysk Diktee! 

 

It Grut Frysk Diktee - De Opwaarmer
Omrop Fryslân TV: 23 maaie 19:30-20:30 oere

Op tiisdei 23 maaie om 19.30 oere kinne jo al sjen nei It Grut Frysk Diktee - De Opwaarmer. Yn de studio fan Omrop Fryslân ûntfangt presintatrise Miranda Werkman trije bysûndere gasten. Iris Kroes is sjongeres/muzikant en hja hat dit jier de dikteetekst skreaun, dy't gean sil oer in bysûndere faze in har libben. Hindrik Sijens is sjueryfoarsitter fan It Grut Frysk Diktee en leksikograaf by de Fryske Akademy. Sietske Poepjes is deputearre fan de provinsje Fryslân en hat fansels in sterke bân mei de Fryske taal. 


It Grut Frysk Diktee 
Omrop Fryslân TV: 24 maaie 19:30-22:30 oere

Gnyskje, nútsjesmoar en krûpelhintsje. It Grut Frysk Diktee is werom mei in nije edysje. Neist de 20 dielnimmers dy’t harren kwalifisearre hawwe dogge der ek fiif teams mei dy’t de striid mei-inoar oangeane. Der is in team mei Fryske artysten mei ûnder oare Johannes Rypma, Pieter Sahieter en Nynke Heeg. In oar team wurdt foarme troch ferskate sjoernalisten fan it Frysk Deiblêd, Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante. Fierders is der noch in team mei dominys, Pabo-studinten en in groep jongerein fan de keet Beunhok.bv út Twizelerheide. De winner fan It Grut Frysk Diktee giet nei hûs mei ‘it gouden dakje’. Foar it winnende team is in aparte priis. Dogge jo ek mei? 


Omrop Fryslân Telefyzje

Omrop Fryslân Telefyzje is yn hiel Fryslân te sjen fia Digitenne (DVB-T), en lânlik fia de kabel en IPTV. Klanten fan Kabelnoord kinne yn Fryslân fia de analoge kabel nei Omrop Fryslân sjen. Omrop Fryslân TV is live te sjen op de website. Omrop Fryslân TV wurdt ek oanbean yn de tv-apps fan telefyzjeproviders en by NLZIET. In oersjoch fan oanbieders fine jo hjir