Skip to main content

Programma Dei fan de Fryske taalkunde 2023 no online

Op freed 6 oktober 2023 organisearret it Taalkundich Wurkferbân fan 'e Fryske Akademy foar de tolfde kear de Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy't direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk: grammatika, fonetyk/fonology, nammekunde, leksikology, sosjolinguistyk, histoaryske taalkunde en mear. 

It konferinsjeprogramma stiet no online. Moarns wurde presintaasjes holden yn twa parallelle sesjes, nei de lunch folget in plenêr programma. De dei wurdt ôfsluten mei in drankje en flaubyt yn Café Neushoorn yn Ljouwert, dêr't dan ek de lansearring is fan it nije online tydskrift Frisistyk.nl.

De Dei fan de Fryske taalkunde wurdt holden yn it gebou fan de Fryske Akademy en begjint om 09:30 oere. Jo binne fansels fan herte wolkom om dizze dei by te wenjen. De tagong is fergees. Opjaan kin troch in mailtsje te stjoeren nei dr. Eric Hoekstra.
 

Programma

Lês hjir it programma fan de Dei fan de Fryske taalkunde, mei taheakke de gearfettingen (abstracts) fan de presintaasjes op de Dei fan de Fryske taalkunde.