Spring naar hoofd-inhoud

De komplekse relaasje tusken tradisjonele en nije sprekkers fan it Frysk

It feit dat nije sprekkers it Frysk prate kinne, betsjut noch net automatysk dat sy de taal ek brûke. Dat is op te meitsjen út it nije artikel fan ûndersikers Ruth Kircher (oant april 2023 wurksem by Mercator/Fryske Akademy, no by it European Centre for Minority Issues yn Flensburg), Ethan Kutlu (University of Iowa) en Mirjam Vellinga (Afûk).

It artikel 'Promoting Minority Language Use to Foster Revitalisation: Insights From New Speakers of West Frisian' ('Promoasje fan it brûken fan in minderheidstaal om refitalisaasje te stimulearjen: ynsichten fan nije sprekkers fan it Frysk') is ien fan de útkomsten fan it projekt 'Nije sprekkers fan it Frysk' en is no publisearre yn it renomearre wittenskiplike tydskrift Applied Linguistics. It Ingelsktalige artikel is foar elkenien fergees te lêzen (open access).

 

Nije sprekkers en tradisjonele sprekkers

De útkomsten dy’t yn dit artikel presintearre wurden, litte sjen dat it feit dat nije sprekkers it Frysk prate kinne, noch net automatysk betsjut dat sy de taal ek brûke. De dielnimmers oan de stúdzje brûke it Frysk mar inkeldris – en as sy de taal brûke, dan benammen yn it leslokaal. De ynteraksje yn de minderheidstaal bûten it leslokaal, mei tradisjonele sprekkers, bestiet benammen út in pear standert wurden of sinnen. De dielnimmers fiele har minder noflik as se Frysk prate mei tradisjonele sprekkers dan yn in petear mei nije sprekkers, en in soad dielnimmers fiele har net akseptearre as autentike leden fan de minderheidstaalmienskip.

Nije sprekkers jouwe oan hoe’t tradisjonele sprekkers mei harren hâlden en dragen nije sprekkers ûntmoedigje: se wegerje fan it begjin ôf oan Frysk te praten, skeakelje yn it petear oer nei it Nederlânsk, meitsje grapkes oer hoe’t de nije sprekker Frysk praat, en korrizjearje de flaters fan de nije sprekker wylst dêr net om frege is.

Dizze útkomsten wurde ynterpretearre yn it ljocht fan de komplekse relaasje tusken tradisjonele en nije sprekkers, wêr’t fragen oer legitimiteit en linguistyske ûnwissens (by beide groepen) tige relevant binne. Dochs jouwe de útkomsten ek oan dat tradisjonele sprekkers genôch dwaan kinne om nije sprekkers te stimulearjen om it Frysk te brûken – nammentlik troch maklike wurden te brûken, sa no en dan te freegjen oft wat sein is dúdlik is, stadiger te praten en foaral troch nije sprekkers eksplisyt oan te moedigjen om it Frysk te brûken.

Dit artikel besprekt de ymplikaasjes fan de útkomsten foar de promoasje fan aktivaasje fan nije sprekkers, oftewol, it proses om derfoar te soargjen dat nije sprekkers aktyf en regelmjittich de oanlearde minderheidstaal brûke.

It artikel is hjir te lêzen.

 

Oer it projekt

'Nije sprekkers fan it Frysk: Promoasje fan it learen en brûken fan de taal om refitalisaasje te stimulearjen' is in gearwurking tusken Mercator/ Fryske Akademy en Afûk. It is finansiere mei in ûndersykssubsydzje fan de Provinsje Fryslân oan Ruth Kircher en Mirjam Vellinga.

It projekt rjochtet him op nije sprekkers fan it Frysk yn de Provinsje Fryslân. De dielnimmers binne 264 folwoeksenen dy’t in taalkursus Frysk folgje/folge hawwe by de Afûk. Middels in fragelist waarden kwantitative en kwalitative gegevens sammele oer de motivaasjes fan dizze nije sprekkers om Frysk te learen, harren hâlding tsjin de taal oer, harren ideologyske evaluaasjes fan de ferskate fariaasjes en de patroanen fan it taalgebrûk.

De útkomsten fan it projekt binne beskreaun yn trije wittenskiplike artikels, dy’t allegearre geane oer de ymplikaasjes fan de útkomsten foar mooglike taalplanningsmaatregels om it learen en/of brûken fan it Frysk troch nije sprekkers te stimulearjen. Derneist resultearre it projekt ek yn op ûndersyk basearre lesmateriaal foar Afûk-taaldosinten, in ûndersyksrapport foar de Provinsje Fryslân, en in op ûndersyk basearre taalpromoasjekampanje.

Mear ynformaasje oer it projekt fine jo op de projektpagina.